Springe nei ynhâld

Burgerbrug

Ut Wikipedy
Burgerbrug
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal870 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Koördinaten52°44' N, 4°42' E
Offisjele webside
www.dorpsraad-burgerbrug.nl
Kaart
Burgerbrug (Noard-Hollân)
Burgerbrug

Burgerbrug is in doarp yn 'e Nederlânske gemeente Skagen, provinsje Noard-Hollân. It leit twa kilometer westlik fan Eenigenburg, fjouwer kilometer eastlik fan Petten en in gelikense ôfstân súdlik fan Sint Maartensbrug. De buorskip Zijpersluis leit krekt súdlik fan it doarp. It sintrum fan it doarp is de Groote Sloot.

Burgerbrug ûntstie krekt nei't de polder fan 'e Zijpe yn 1597 drûchmakke wie. Yn dy tiid ûntwikkele him in lintfoarmige bebouwing oan 'e (Eenigen)Burgerweg en fral oan 'e de Groote Sloot. Minsken libben benammen fan lânbou en feehâlderij. Yn 1660 hie it doarp acht ambachtslju/hannelers, wêrûnder in seager, smid, bakker en tsjilmakker. Hja soargen foar de basisbehoeften fan it oanwaaksjende oantal omlizzende boeren. Yn 1742 wennen 28 famyljes yn it doarp yn 25 net-boerehuzen oan 'e Grote Sloot, en 12 famyljes yn 10 huzen oan 'e Burgerweg.

Yn dy tiid stie yn Burgerbrug in ienfâldige pleatstsjerke foar de herfoarme earetsjinst. Bûten it doarpssintrum, oan 'e Ruigeweg, stie in roomske skûltsjerke. Yn 'e 19e iuw waard dy lêste tsjerke sletten en ferfongen troch in grut stiennen gebou oan 'e Groote Sloot, ûntwurpen troch tsjerke-arsjitekt Theo Molkenboer. De pleatstsjerke wie yntusken ferfongen troch de typyske tsjerkje mei in houten toer oan 'e Burgerweg yn it sintrum fan it doarp. Dy herfoarme tsjerke rekke yn 'e 20e iuw yn ûnbrûk en wurdt no brûkt as kultureel sintrum.

Foar in bloeiende middenstân is it doarp te lyts en de measte foarsjennings binne ferdwûn. Oant de jierren 1990 hie it doarp noch twa skoallen: in iepenbiere skoalle "De Gouden Hoeck" en de katolike Sint-Joazefskoalle. De lêste bestiet hjoed-de-dei noch. De iepenbiere skoalle is ferdwûn en op it plak fan 'e âlde skoalle binne wenten boud.

Burgerbrug hjoed-de-dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burgerbrug is in katolyk doarp en in soad ynwenners fan Burgerbrug binne mei de tsjerke en de katolike skoalle ferbûn. Ferskate ferienings organisearje aktiviteiten yn en om it doarp hinne.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarp stiet de restaurearre pleats Starre Kroon, in ryksmonumint út 1797. Fierder binne de herfoarme tsjerke fan 1850 en de katolike tsjerke fan 1866 it besjen wurdich.

Oan 'e Grote Sloot steane ferskillende stolppleatsen. Krekt bûten it doarp stiet de pleats "Vroegop" út 1670, de âldste noch besteande pleats fan 'e drûchmakkerij. Ut 1915 datearret it gebou Zeenimf (Grote Sloot 130) mei in rûne toer. Fierder binne der noch de mûnen Suder-G út 1699, Mûne L-Q út 1598 en Mûne F út 1890.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldGrutte KetenKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSkagerbrêgeSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
· · Berjocht bewurkje