Burgenland-Kroäten

De Burgenland-Kroäten (Kroätysk: Gradišćanski Hrvati, Hongaarsk: Burgenlandi horvátok, Dútsk: Burgenlandkroaten) binne in groep etnyske Kroäten dy't yn de Eastenrykske dielsteat Burgenland, West-Hongarije en om Bratislava hinne wenje. Neffens de folkstelling fan 2001 wiene der mear as 19.000 Kroäten yn Burgenland, en dêrmei makken se 5,9% fan 'e totale befolking út.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 16e iuw kamen mear as 100.000 flechte Kroäten oan yn wat doe it westen fan Hongarije wie. Se wiene flechte nei de Ottomaanske besetting fan it hjoeddeiske Kroäsië. Dêrneist kamen der groepen út it hjoeddeiske Bosnië. Neist de Kroaten kamen ek Dútsktalige kolonisten oan yn wat doe West-Hongarije wie. Dat markearre it begjin fan in nije etnyske gearstalling yn Burgenland en wie de reden dat de regio úteinlik yn 1920 ûnder it Ferdrach fan Trianon skieden waard fan it Keninkryk Hongarije.
Hjoeddeiske situaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kroäten foarmje yn Burgenland yn ferskate gemeenten in wichtich part fan 'e befolking. Yn de kearnen dêr't se mear as 20% fan de befolking útmeitsje binne twatalige plaknammebuorden oanwêzich. It Kroätysk is in offisjele taal yn 'e neikommende gemeenten:
- Hornstein/Vorištan,
- Klingenbach/Klimpuh,
- Oslip/Uzlop,
- Siegendorf/Cindrof,
- Steinbrunn-Zillingtal/Štikapron-Celindof,
- Trausdorf an der Wulka/Trajštof,
- Wulkaprodersdorf/Vulkaprodrštof,
- Zagersdorf/Cogrštof;
- Güssing/Novigrad;
- Güttenbach/Pinkovac,
- Neuberg im Burgenland/Nova Gora,
- Stinatz/Stinjaki;
- Antau/Otava,
- Baumgarten/Pajngrt,
- Draßburg/Rasporak;
- Neudorf bei Parndorf/Novo Selo,
- Pama/Bijelo Selo,
- Parndorf/Pandrof;
- Frankenau-Unterpullendorf/Frakanava-Dolnja Pulja,
- Großwarasdorf/Veliki Borištof,
- Kaisersdorf/Kalištrof,
- Kroatisch Minihof/Mjenovo,
- Nikitsch/Filež;
- Rotenturm an der Pinka/Verešvar,
- Schachendorf/Čajta,
- Schandorf/Čemba,
- Weiden bei Rechnitz/Bando