Burdtrap
| burdtrap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Houbaropsis bengalensis | ||||||||||||
| Statius Müller, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
read: briedgebiet en stânfûgel goud: mooglik útstoarn ljochtgiel: net-briedend. |
De burdtrap (Houbaropsis bengalensis) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte is krityk bedrige en heart ta de seldsumste trapfûgels fan 'e wrâld.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It mantsje fan 'e burdtrap hat in swart fearrekleed dat him útwreidet fan 'e kop en de hals oant de ûnderkant fan it lichem. Op 'e kop hat er in lange, smelle túf en de hals hat ferlinge pronkfearren. De boppekant is gielbrún mei fine swarte tekeningen en swarte pylkpuntfoarmige plakken. Dêrnjonken hat de fûgel in opfallend grut wyt flak dat fan 'e wjukdekfearren oant de slachpinnen rint. Yn 'e flecht lykje de wjukken fan it mantsje, útsein de donkere hânpinnen, hast hielendal wyt. De poaten binne giel, wylst de snaffel en de iris donker fan kleur binne.
It wyfke is gielbrún fan kleur, lykas de rêch fan it mantsje. Hja hat in donkerbrune krún en smelle donkere streken oan 'e siden fan 'e hals. De wjukdekfearren binne ljochter as de slachpinnen en hawwe in fyn patroan fan donkere dwersbannen. Unfolwoeksen fûgels lykje in soad op it wyfke.
Folwoeksen burdtrappen wurde 66 oant 68 sm lang en binne likernôch 55 sm heech. It wyfke is grutter as it mantsje en waacht likernôch 1,7 oant 1,9 kg, wylst it mantsje 1,2 oant 1,5 kg weaget. De burdtrap is grutter, kompakter boud en hat in dikkere hals as de besibbe lytse Yndyske trap (Sypheotides indicus).
Fersprieding en taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De burdtrap is de iennige soarte yn it skaai Houbaropsis. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
- Houbaropsis bengalensis bengalensis – komt foar yn gerslannen yn it easten en noarden fan Yndia en yn 'e Terai fan Nepal.
- Houbaropsis bengalensis blandini – komt foar yn Kambodja en súdlik Fjetnam.
De fûgel kaam earder ek yn Bangladesj foar, mar is dêr no útstoarn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje fan 'e burdtrap wurdt rûsd op mar 250 oant 1.000 folwoeksen eksimplaren. De populaasje nimt hurd ôf troch it ferdwinen en de oantaasting fan it leefgebiet. Dêrom klassifisearret de IUCN de soarte op 'e Reade List as krityk (Critically Endangered, CR).
Yn 2013 waard foarsein dat de ûndersoarte blandini yn tsien jier tiid útstjerre soe. Dy foarsizzing is net útkommen: yn it Kambodjaanske Nasjonaal Park Phnom Kulen wurdt sûnt 2019 troch it Angkor Centre for Conservation of Biodiversity (ACCB) hurd wurke oan in reservepopulaasje dy't foarkomme moat dat de soarte útstjert. Foar dat doel wurde aaien út it wyld sammele en yn finzenskip útbret. Fan 'e earste fyftjin sammele aaien binne alve jonge fûgels mei súkses grutbrocht. Tagelyk wurdt wurke oan 'e beskerming fan it leefgebiet en oan it fergrutsjen fan it bewustwêzen by de pleatslike befolking yn Kambodja, sadat de burdtrap ek yn it wyld in takomst hâldt.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
