Burdsnorwever
| Burdsnorwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sporopipes squamifrons | ||||||||||||
| Smith, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De burdsnorwever (Sporopipes squamifrons) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Burdsnorwevers binne lytse weverfûgels fan likernôch 10 oant 12 sm lang. Under syn snaffel hat it fûgeltsje in swarte snor. De kleur is brúnich oant ljochtbrún, de ûnderkant is ljochter. Op 'e foarholle hat de fûgel donkere fearkes mei wite rânen. Ek de wjukken ha donkere fearkes mei wite rânen. De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne tige lyts en hast net waar te nimmen. De boppesnaffel is meastentiids rôzich en de ûndersnaffel skaait mear nei ivoar út. De poatsjes binne fleiskleurich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:
- Sporopipes squamifrons fuligescens: Botswana, Simbabwe en noardeastlik Súd-Afrika.
- Sporopipes squamifrons squamifrons: fan súdwestlik Angoala oant noardwestlik Súd-Afrika.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien. Der wurdt oannomen dat de populaasje stabyl is en dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
