Buldochrôt
| buldochrôt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rattus nativitatis | ||||||||||||
| Thomas, 1888 | ||||||||||||
| IUCN-status: útstoarn
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De buldochrôt[1] (wittenskiplike namme: Rattus nativitatis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist wie endemysk op Krysteilân yn 'e eastlike Yndyske Oseaan. It wie ien fan twa rottesoarten dy't allinnich mar op dat eilân foarkamen; de oare wie Maclears rôt (Rattus macleari). Beiden stoaren út yn 1903 by in yndirekt troch de minske feroarsake barren.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De buldochrôt waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1888 troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. It bist waard tradisjoneel ta it skaai fan 'e echte rotten (Rattus) rekkene, en soe dêrmei nau besibbe west hawwe oan 'e brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus), de meast algemien foarkommende rottesoarten. Mar neffens in nije hypoteze, dy't yn 2020 op 't aljemint brocht waard, soe de buldochrôt eins ta de heuvelrotten (Bunomys) hearre, in skaai wêrfan't de sân libbene soarten foarkomme op Selebes en omlizzende eilannen yn it easten fan Yndoneezje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn fersprieding wie de buldochrôt beheind ta Krysteilân, in eilân mei in oerflak fan 135 km², yn it noardeasten fan 'e Yndyske Oseaan, likernôch 350 km súdwestlik fan it Yndonezyske haadeilân Java. It (doe ûnbewenne) eilân waard yn 1888 anneksearre troch it Feriene Keninkryk en net folle letter troch de Britten kolonisearre. (Tsjintwurdich is it ôfhinklik gebiet fan Austraalje.)
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De buldochrôt hie trochinoar in kop-romplingte fan 25–27 sm, mei in sturtlingte fan 171/2 sm en in gewicht fan 250–300 g. Dêrmei wie dit bist oansjenlik grutter as de swarte rôt (Rattus rattus) en fan ferlykbere grutte mei de brune rôt (Rattus norvegicus). Opmerklike skaaimerken fan 'e buldochrôt wiene de yn ferhâlding ta de lichemsgrutte koarte, grouwe sturt, en de 2 sm tsjûke laach fet dêr't de rêch mei bedutsen wie, en dy't de kop frij lyts lykje liet. De pels wie ticht en rûch en dûnker readbrunich fan kleur, mar justjes ljochter op 'e bealch.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buldochrotten wiene echte nachtdieren en soene yn deiljocht heal ferbline en ferdwaasd west hawwe. It wiene frij trage bisten, dy't op 'e grûn libben en nea yn beammen of strûken klommen. Se kamen foar op 'e hegere heuvels en yn it tichtere tropysk reinwâld op it eilân. It wiene sosjale bisten, dy't yn lytse koloanjes libben yn ûndergrûnske hoalen mank de woartels fan beammen of ûnder de holle stammen fan sagopalmen.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lêste dokumintearre waarnimming fan in buldochrôt datearret út 1903. It tinken is dat dizze soarte derûnder strûpt is troch in epidemy fan in ûnbekende sykte (mooglik feroarsake troch in trypanosoom, in parasitêr iensellich organisme). Dy soe op Krysteilân brocht wêze troch swarte rotten (Rattus rattus) dy't by fersin op it eilân yntrodusearre wiene fan Jeropeeske skippen ôf. De ûnderbouwing foar dy hypoteze is de massale stjerte ûnder buldochrotten (en Maclears rotten), dy't yn 1902 en 1903 troch de minsklike bewenners fan Krysteilân optekene waard, wêrnei't der nea wer in buldochrôt libben weromsjoen waard.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

