Springe nei ynhâld

Buldoch

Ut Wikipedy
In ôfbylding fan in pear buldoggen.

In buldoch, mt.: buldoggen,[1] (fan it Ingelske bulldog, "bollehûn") is in hûnetype dat tradisjoneel fokt en brûkt waard foar bloedsporten, lykas bearebiten (hûnen oanset om mei bearen te fjochtsjen) en hûnegefjochten (hûnen oanset om mei oare hûnen te fjochtsjen). Tsjintwurdich binne buldoggen ornaris hiemhûn of selskipshûn. De bekendste rassen binne de Ingelske buldoch, de Frânske buldoch en de Amerikaanske buldoch.

Buldoggen binne oer it algemien gnobsk boude, krêftige bisten mei in grutte, sterke snút.

De namme fan 'e buldoch komt fan it feit dat dizze hûnen ek brûkt waarden foar bollebiten, wêrby't se tsjin bollen fjochtsje moasten. Dat wie yn Ingelân fan 'e trettjinde oant de achttjinde iuw in soarte fan nasjonale sport. It tinken mank saakkundigen is dat de buldoch yn 'e Elizabetaanske Tiid, yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw, ûntstie (fokt waard) út 'e âldere en gruttere mastyf.

Bollebiten mei buldoggen op in skilderij út 'e 19e iuw.
Utstoarne rassen
Besteande rassen
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 259.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.