Buitenzorg (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Buitenzorg
Buitenzorg, Harddraversweg 29, Joure.JPG
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente De Fryske Marren wapen.svg De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Hurddraversdyk 29
bysûnderheden
boujier sa. 1910
arsjitekt G.J. Lanting
boustyl oergongsstyl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514074

De filla Buitenzorg is in ryksmonumint oan de Hurddraversdyk 29 op De Jouwer.

Buitenzorg waard yn 1910 ûntwurpen troch arsjitekt G.J. Lanting, gemeente-arsjitekt fan de destiidske gemeente Haskerlân. Opdrachtjouwer wie de famylje Taconis, in rike famylje dy’t al sûnt 1749 in beamkwekerij hie op de lannen oan de eastkant fan de Hurddraversdyk ûnder de namme "Firma Wybren Krijns en Co., hofleverancier". As oanfolling op de aktiviteiten fan de beamkwekerij waarden sûkerei en foerfretten ferboud dat yn in eigen fabryk ferwurke waard. It fabryk stie op de hoeke fan de Midstrjitte en de Hurddraversdyk. It bedriuw jûch in soad wurkgelegenheid. De filla stiet oan de eastkant fan in rom rjochthoekich hiem, in eintsje fan de dyk ôf. Oan de strjitkant stiet in jitizeren stek mei geometryske motiven. It wenhûs is rjochte nei it noardwesten. Tsjin de eftergevel is njonken de bykoken in nije gong mei doarren makke nei de tún as ferbining tusken de nije oanbou en it âlde gedielte. De nije oanbou en de garaazje efter de gong falle bûten de ryksmonumintestatus.

Omskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hast fjouwerkante filla hat boppe de earste boulaach in hege souderferdjipping ûnder in skylddak mei brune krúspannen. It dak rint oan de noardeast- en súdeastkant troch yn it ôfdak fan de yngong en it dak fan de sêre. Op de dakskylden steane trije hege skoarstiens. Oan de noardwest- en súdwestside steane twa grutte dakkapellen mei skylddak en wulfsein. Op de dakskylden oan de noardeast- en súdeastkant steane twa lytse, horizontale dakkapellen mei in ôfdak. Op de grutte dakkapellen en de dakhoeken steane sinken pirons. It oerstekkende dak wurdt ûndersteund troch grutte, houten klossen, mei fraai snijwurk, dy’t oan de mitsele fries fêstmakke binne. It hûs is boud yn brune bakstien; fan de wikseldrompel ôf is it wyt beplastere. De foargevel oan de strjitkant wurdt troch twa grutte krúsfinsters symmetrysk ferdield. Tusken de finsters is de name fan de filla "Buitenzorg" oanbrocht. De finsters ha mitsele segmintbôgen. Boppe de wikseldrompels ha de finsters glês-yn-lead, de ûnderramen ha houten lûken. De noardeastgevel wurdt troch de foardoar yn twa symmetryske helten ferdield. Foar de yngong stiet in houten porteal mei pylderkes en toske beskot en twa bankjes mei dekoratyf snijwurk. De stoepe is betegele. De houten foardoar hat in boppeljocht mei glês-yn-lead en twa sydljochten mei boppeljocht en glês-yn-lead. Oan beide kanten fan de yngong binne twa krúsfinsters mei segmintbôgen en lûken. De súdwestgevel wurdt troch in rjochthoekige houten sêre ûnder ôfdak yn twa symmetryske helten ferdield.

De yndieling fan it ynterieur is sa goed as orizjineel. In fjouwerkant siichhaltsje mei betegele lambrisearring en betegele flier jout tagong ta de fertrekken op de begeane grûn. In houten doar mei slipe glês mei florale motiven skiedet it siichporteal fan de gong. Trije houten doarren mei rynsk útfierde houten omlisting, jouwe tagong nei de fertrekken op de begeane grûn. De beide keamers oan de strjitside wurde skieden troch in houten skodoar mei glês-yn-lead, mei in rynsk dekorearre slot dat makke is yn Gieljitterij Keverling op De Jouwer. Njonken de skodoarren binne oan beide siden de orizjinele kasten mei houten doarren. De trochgong fan de foarkeamer nei de hjoeddeiske koken is net oarspronklik. Orizjineel binne wol de skoarstienmantels fan swart moarmer yn de keamers oan de foarside, de ynrjochting fan de sêre, de houten kast yn de eartiidske koken links fan de gong en de houten trepleuning mei jitizeren stilen nei de earste ferdjipping. Dêr binne trije sliepkeamers en in nije baaikeamer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: