Buddyfilm

In buddyfilm, fan it Amerikaansk-Ingelske wurd buddy, dat "maatsje" betsjut, is in subsjenre fan 'e aventoere-, aksje-, plysje-, western-, komeedzjefilm en roadmovie, wêryn't twa persoanen op in aventoer, misje, kweeste of reis geane. Dêrby giet it ornaris om twa manlju mei kontrastearjende persoanlikheden. It komt foar dat der mear klam op dat kontrast lein wurdt troch de personaazjes ferskillende etnyske eftergrûnen te jaan. Faak hat in buddyfilm in plot wêryn't de beide personaazjes earst mar dreech mei-inoar opsjitte kinne, mar troch mienskiplike ûnderfinings krije se geandewei de film hieltyd mear begryp foarinoar, en oan 'e ein binne se befreone rekke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buddyfilms geane in hiel ein werom yn 'e filmskiednis. Ien fan 'e earste buddy-pearen waard yn 'e 1930-er jierren foarme troch Stan Laurel en Oliver Hardy, alias de Dikke en de Tinne. Histoarysk wiene sokke buddys oer it algemien manlju. Yn 1940 spilen Bing Crosby en Bob Hope tegearre yn 'e film Road to Singapore. Dat wie sa'n súkses dat se oant de 1960-er jierren in hiele filmsearje fan sokke Road to …-buddyfilms makken. Yn 'e 1950-er jierren wiene Dean Martin en Jerry Lewis in populêr filmduo en itselde gou in desennium letter foar Walter Matthau en Jack Lemmon, dy't bgl. de haadrollen hiene yn 'e film The Odd Couple út 1968. Yn 't earstoan wiene buddyfilms oer it algemien komeedzjes, mar yn 1949 yntrodusearre de Japanske regisseur Akira Kurosawa mei syn film Nora Inu (ynternasjonale titel: Stray Dog) in buddyfilm oer twa plysjes mei in folle serieuzere toansetting. Dêrmei wie de saneamde buddycopfilm ("maatsje-smearis-film") berne.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske foarbylden fan buddycopfilms binne û.o. 48 Hrs. (1982) en Another 48 Hrs. (1990) mei Eddie Murphy en Nick Nolte, Red Heat (1988) mei Jim Belushi en Arnold Schwarzenegger, Tango & Cash (1989) mei Sylvester Stallone en Kurt Russell, Die Hard with a Vengeance (1995) mei Bruce Willis en Samuel L. Jackson, Money Train (1995) mei Woody Harrelson en Wesley Snipes, Se7en (1995) mei Morgan Freeman en Brad Pitt, Rush Hour (1998) mei Chris Tucker en Jackie Chan en 2 Guns (2013) mei Denzel Washington en Mark Wahlberg. Mooglik de bekendste buddycopfilms binne de ûnderskate dielen út 'e Lethal Weapon-rige, begjinnend mei Lethal Weapon (1987), mei Mel Gibson en Danny Glover.
Hoewol't buddyfilms yn 'e ienentweintichste iuw oer it algemien noch altyd manlju as haadpersoanen hawwe, kaam ein tweintichste iuw foar it earst ek de froulike buddyfilm op. Foarbylden dêrfan binne Thelma & Louise (1991) mei Susan Sarandon en Geena Davis, Fried Green Tomatoes (1991) mei Mary Stuart Masterson en Mary-Louise Parker, en Walking and Talking (1996) mei Catherine Keener en Anne Heche. Der besteane ek buddyfilms wêryn't de buddys in man en frou mei in platoanyske freonskip binne, lykas The Pelican Brief (1993) mei Denzel Washington en Julia Roberts. Fierders binne der ek tekenfilms mei in buddyfilmtema, lykas Toy Story (1995), The Secret Life of Pets (2016) en Zootopia (2016).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|
