Púca
In púca (Iersk foar "geast" of "spûk"; meartal: púcaí) is in mytysk wêzen dat foarkomt yn folkloare fan 'e Keltyske lannen en gebieten mei in Keltysk kultureel substraat, lykas Ingelân. Synonimen fan it Ierske púca binne it Welske pwca (útspr.: "pûka"), it Ingelske pooka en it Kornyske bucca. Púcaí wurde beskôge as bringers fan sawol lok as ûngelok, en se kinne minsken sawol helpe as hinderje. Yn 'e measte folksferhalen binne it stalferwikselders, dy't it stal fan in hynder, in geit, in kat, in hûn, in hazze of lykfol hokker oar bist oannimme kinne. Soms nimme se ek wol in minsklike foarm oan, faak mei inkele dierlike skaaimerken deropta, lykas geite-earen of in sturt. Yn elts gefal kin men in púca altyd werkenne oan syn giele eagen, it iennichste part fan syn lichem dat net meiferoaret.
De fraach oft púcaí as kwea of goedaardich beskôge wurde moatte, is net te beäntwurdzjen. De ideeën omtrint sokke wêzens binne, neffens de Ierske folklorist Thomas Keightley (1789–1872) "tige dizenich". Ien aspekt fan harren karakter dat wol dúdlik út 'e folksferhalen nei foarren komt, is ûndogenskens. Faak wurdt sein dat púcaí yn 'e foarm fan hynders minsken dy't better hearre te witten, ferliede ta it meitsjen fan in ritsje, wêrby't se sa'n faasje of sokke nuvere sprongen meitsje, dat se dy persoan de stupen op it liif jeie ear't se him of har wer ôfsette op it plak dêr't se him of har oppikt hawwe. Wat ek foarkomt, is dat se sa'n persoan fan har ôfbokke, sadat hy of sy yn in rivier of poel telâne komt en in wiet pak hellet. Yn dy kontekst moat de púca net betize wurde mei de kelpie (of it 'wetterhynder'), in oar mytysk wêzen út 'e Keltyske folkloare, dat ek de foarm fan in hynder hat of oannimt en minsken ferliedt om in ritsje te meitsjen. Mar by de kelpie kin de minske net loskomme fan 'e rêch fan it wêzen, dat in djip wetter ynrint en syn berider ferdrinkt.
De etymology fan it Ierske wurd púca (en de besibbe termen yn oare Keltyske talen) is ûndúdlik. Der wurdt wol fan útgien dat it wurd oernommen is út it Noarsk, dat de term puki foar "natoergeast" hat. De term soe dan yn 'e Iere Midsiuwen troch de Wytsingen yn Ierlân brocht wêze. Mar der besteane oanwizings dat it Ierske wurd âlder is as de oankomst fan Wytsingkolonisten yn Ierlân. Yn 'e folkloare fan 'e Kanaaleilannen kaam in type mytysk wêzen foar dat in pouque neamd waard, wat histoarysk dúdlik itselde wurd is as púca. Sokke pouques wiene in soartemint elven dy't yn 'e neite fan âlde steande stiennen tahâlde soene. Yn 'e Normandyske dialekten fan 'e Kanaaleilannen waard in prehistoaryske grêftombe oantsjut as in pouquelée. Dat wurd kaam dan ek wer foar yn 'e folkloare fan Bretanje, op it fêstelân fan Jeropa, yn 'e foarm poulpiquet of polpegan.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |