Easterske feereager
| Easterske feereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardea coromandus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De Easterske feereager (Ardea coromandus; synonimen: Bubulcus ibis coromandus, Bubulcus coromandus) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae)
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De easterske feereager is in 46 oant 56 sm lange reager mei in relatyf koarte snaffel, nekke en poaten. Winterdeis is de fûgel hielendal wyt mei griisgriene of swarteftige poaten en in giele snaffel. Yn it briedseizoen hat er in wyt gesicht, mar fierder brúnoranje kop, nekke, rêch en boppeboarst. De poaten binne dan oranje en de snaffel hat in rôzereade basis.
De mear westlik foarkommende gewoane feereager is wat lytser mei in koartere nekke, snaffel en poaten. It brúnoranje is folle minder yntinsyf en beheinder oanwêzich. De poaten binne yn 'e briedtiid by de gewoane feereager foar in lyts skoft felread of oranjerôze. By de easterske feereager binne de poaten dan fan giel oant readeftich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De easterske feereager komt foar yn Súd- en East-Aazje fan Yndia oant Austraalje en Nij-Seelân. Ut en troch is de fûgel ek waarnommen yn 'e Feriene Arabyske Emiraten en Oman.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet op gerslân, by sompen, rysfjilden en iepen plakken oant sels op rûchskernen. Lykas de namme seit beselskippet de fûgel faak fee of grutte wylde bisten, lykas buffels, dêr't ynsekten te finen binne. Faak sit er op 'e rêch fan bisten om parasiten te pikken. Oars as oare reagers yt er fral ynsekten.
De fûgel is sosjaal en wurdt faak yn groepen oantroffen, sawol by it foerazjearjen as by it sliepen nachts. Ek briedt de fûgel yn koloanjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De easterske feereager wurdt troch de IOC World Bird List as in aparte soarte beskôge. De IUCN erkent de fûgel lykwols net as in soarte en beskôget de fûgel as in ûndersoarte fan 'e gewoane feereager. Dêrom is de bedrigingsstatus fan 'e fûgel net beöardiele. De fûgel wurdt lykwols as frije algemien omskreaun.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Reager
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje

