Magelhaenoehoe
| Magelhaenoehoe | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bubo magellanicus | ||||||||||||
| Lesson, 1828 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Magelhaenoehoe (wittenskiplike namme: Bubo magellanicus), soms ek de Patagoanyske oehoe of de Sileenske oehoe neamd, is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae) en it skaai fan 'e oehoes (Bubo). Dit bist is ferneamd nei de Strjitte fan Magelhaen en komt as stânfûgel foar yn 'e súdpunt fan Súd-Amearika en yn 'e sintrale Andes. Foarhinne waard de Magelhaenoehoe beskôge as in ûndersoarte fan 'e Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), mar no wurdt dizze fûgel rûnom erkend as in selsstannige soarte. It is in frij lytse ûle, fral foar in oehoe. It is in nachtdier dat benammen lytse sûchdieren bejaget. De IUCN klassifisearret de Magelhaenoehoe as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1828 troch de Frânske soölooch René Primivère Lesson. Tradisjoneel waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan 'e Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus). Mar tsjintwurdich wurdt er as in aparte soarte behannele omreden fan ferskillen yn stim en lichemsgrutte en fanwegen de genetyske ôfstân tusken de beide fûgels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Magelhaenoehoe wreidet him út oer de hiele súdpunt fan Súd-Amearika, mei dêrûnder Patagoanje, it súdlike trijefjirdepart fan Sily en teffens it grutte eilân Fjoerlân, by Kaap Hoarn. Mear nei it noarden ta komt dizze fûgel ek foar yn 'e sintrale Andes fan noardwestlik Argentynje, súdwestlik Bolivia en súdlik en westlik Perû, hast oan 'e grins mei Ekwador ta.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe is relatyf lyts foar in oehoe. Hy hat trochinoar in totale lichemslingte fan 45 sm, mei in wjukspanne fan 31,8–36,8 sm en in gewicht fan sa'n 800 g. Der bestiet in bytsje seksuele dimorfy by dizze soarte yn 'e sin dat de wyfkes trochinoar in pear sintimeter langer en wat swierder binne as de mantsjes. Der is ek wat regionale fariaasje: fûgels út 'e noardein fan it ferspriedingsgebiet binne merkber grutter as guon út it súdlike part.

It fearrekleed fan 'e Magelhaenoehoe hat op 'e rêch, kop en wjukken in grizich brune skutkleur en is op it boarst en de bealch bêzje mei dûnkergrize horizontale streekjes. De gesichtsskiif is begrinzge mei in swarte line, en boppe de giele eagen sitte wite streekjes dy't diagonaal op 'e snaffel tarinne. De kop wurdt bekroane mei in pear útsteande swartige eartoefkes. Yn ferhâlding ta de nau besibbe Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) is de omleech bûgde heaksnaffel smeller en binne de kloeren minder krêftich. Ek binne de eartoefkes lytser, smeller en spitser tarinnend.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Magelhaenoehoes komme foar yn wiid ferskaat oan biotopen, wêrûnder iepen bosklân, ûnbeboske gebieten dy't hjir en dêr begroeid binne mei strewelleguod, steppe, ûnûntgûne gersflakten en teffens greiden en ikkers dy't yn agrarysk gebrûk binne. Yn 'e bergen kinne se oantroffen wurde oant in hichte fan 4.500 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rop fan 'e Magelhaenoehoe wurdt almeast troch it mantsje utere by wize fan ôfsetting fan it territoarium, of om yn 'e peartiid in wyfke te lokjen. Hy bestiet út in dûbele noat mei de klam op it twadde diel, folge troch in lûde fibrearjende noat. Yn it Spaansk wurdt de Magelhaenoehoe de tucúquere neamd (útspr.: [tuˈkuːkɛɾɛ], likernôch: "tû-kûû-ker-reh"), wat in klankneibearing fan dy rop is.
Magelhaenoehoes binne benammen aktyf by nacht en yn 'e skimerperioaden fan 'e jûnsskimer en de moarnsdage. Yn it uterste suden, dêr't de nachten by 't simmer tige koart binne, kinne se dan ek al foar sinne-ûndergong en koart nei sinne-opgong waarnommen wurde. Mar almeast bringe se de dei yn rêst troch, sittend op in tûke fan in beam, deunby de beamstam, wat ferskûle tusken blêden of nullen. Soms sykje se oerdeis beamholten of lytse grotten op om yn te rêsten.
De fuortplanting fan 'e Magelhaenoehoe is noch net yngeand ûndersocht. De peartiid falt foar dizze fûgel let yn 'e súdlike winter (augustus–septimber) of ier yn 'e súdlike maityd (septimber–oktober). It nêst wurdt op hege kliffen tusken de rotsen makke, wêrnei't it wyfke der 2–3 wite aaien yn leit. De briedtiid is net sekuer definiëarre; skattings oangeande de doer rinne útinoar fan 21–35 dagen. It brieden wurdt inkeld troch it wyfke dien, wylst it mantsje foar harren beiden jaget en har fan iten foarsjocht. De piken binne nêstbliuwers, dy't helpleas binne as se út it aai komme en troch de âlden fuorre wurde moatte. Noch foar it eigentlike útfleanen ferlitte de piken it nêst en doarmje dêrnei wat yn it direkte om-en-by fan it nêst om.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe jaget nachts boppe iepen lân. It dieet fan dizze fûgel bestiet benammen út lytse sûchdieren, foar it meastepart kjifdieren en hazze-eftigen. Mar ek fûgels, reptilen en ynsekten wurde wol lytsman makke.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe hat net in protte natuerlike fijannen, hoewol't de piken kwetsber binne foar û.o. rôffûgels en martereftigen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn Patagoanje en Fjoerlân is de Magelhaenoehoe tige algemien. Yn Sily is de populaasje oanwûn nei't dêr troch de minske de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus) as eksoat ynfierd is.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Magelhaenoehoe is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege, op dizze side.
|

