Readsnaffelbuffelwever
| Readsnaffelbuffelwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bubalornis niger | ||||||||||||
| Smith, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De readsnaffelbuffelwever (Bubalornis niger) is in fûgelsoarte út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is de typesoarte fan it skaai buffelwevers (Bubalornis).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De readsnaffelbuffelwever wurdt likernôch 25 oant 30 sm lang en is meast donkerbrún oant swart mei hjir en dêr wat wyt. De snaffel is fel read en krêftich. Syn poatsjes binne fleiskleurich oant ljocht rôze. De eagen binne donkerbrún. Tusken mantsjes en wyfkes bestiet hast gjin ferskil yn it fearrekleed. Mantsjes binne wat swierder as wyfkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar op 'e Afrikaanske savannes en drûge gebieten mei strûken fan súdlik en eastlik Afrika en wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:
- Bubalornis niger intermedius: fan súdeastlik Sûdan, Etioopje en Somaalje oant Uganda, Kenia en Tanzania.
- Bubalornis niger niger: fan súdlik Angoala en noardlik Namybje oant Simbabwe en noardlik Súd-Afrika.
- Bubalornis niger militaris: fan súdlik Sambia oant súdlik Mozambyk en noardeastlik Súd-Afrika.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It binne sosjale fûgels, dy't yn groepen libje. Buffelwevers foerazjearje op 'e grûn yn lytse oant grutte groepen faak yn kombinaasje mei protters en oare fûgels, op syk nei ynsekten, sied en fruit. Ek wurde se faak mei grutte sûchdieren lykas buffels en antilopen sjoen, dêr’t se ynsekten fine. Se briede yn koloanjes en bouwe grutte, suterige nêsten
Mantsjes fan 'e soarte ha in pseudopenis fan likernôch 1,5 sm. Dat waard foar it earst beskreaun yn 1831 troch in Dútske anatomist yn in ferslach oer de fûgels. De pseudopenis hat gjin bloedfetten en ferfiert gjin sperma, mar wurdt yn it stee dêrfan brûkt foar de wille fan 'e wyfkes en helpt de mantsjes by it ferlieden fan wyfkes.
De briedtiid duorret fan septimber oant juny, mei it aksint op desimber oant maart. Wyfkes lizze 2 oant 4 aaikes en briede dy allinnich yn likernôch 14 dagen út. Nei 20 oant 23 dagen ferlitte de jonge fûgels it nêst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024). Alhoewol't de wrâldpopulaasje fan 'e net rûsd is, wurdt de fûgel as algemien beskôge en is de populaasje stabyl. Lokaal kin it kappen fan beammen, it omsetten fan natuer yn kultuerlân en ynteraksje mei minsken in bedriging foarmje. De fûgel hat rôffûgels, slangen, apen en mangoesten as fijân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Buffelwever
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
