Bryna Productions
Bryna Productions | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio | |
fêstige yn | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1955 | |
opdoekt | 1986 | |
oprjochter | Kirk Douglas | |
eigner | Kirk Douglas | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Bryna Productions wie in Amerikaanske filmstudio, dy't yn 1955 oprjochte waard troch akteur Kirk Douglas. Dyselde waard dêrta ynspirearre troch it súkses fan syn freon Burt Lancaster, dy't ek in eigen filmstudio begûn wie. Douglas ferneamde syn bedriuw nei syn mem, Bertha Demsky, dy't eins Bryna Danielovitch hiet. Bryna Productions makke tusken 1955 en 1986 sa'n tweintich films, en nochris 6 oaren waarden produsearre troch in dochterûndernimming, Joel Productions, dy't Douglas ferneamde nei syn twadde soan Joel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kirk Douglas begûn yn 1950 tariedings te meitsjen foar de oprjochting fan Bryna Productions, doe't er opsjes naam op 'e ferfilmings fan romans as The Fearmakers en The Shadow. Yn maart 1952 seid er yn in fraachpetear dat er mei Bryna Productions trije films yn it jier meitsje woe. Yn jannewaris 1955 folge de formele oprjochting, wêrnei't Douglas in kontrakt foar seis films sleat mei de gruttere studio United Artists (UA). Dêrby stimde er deryn ta om yn guon, mar net alle, fan dy films de haadrol te spyljen.
De earste twa films dy't Bryna produsearje soe, wiene The Vikings (dy't úteinlik yn 1958 útkaam) en in biografyske film oer it libben fan Vincent van Gogh. Douglas spile Van Gogh lykwols yn 1956 yn 'e MGM-film Lust for Life. De earste film fan Bryna Productions waard sadwaande de western The Indian Fighter. Yn maaie 1958 sleat Bryna in kontrakt foar twa films ôf mei Universal Pictures. Behalven films produsearren Bryna en Joel Productions yn 1963 ek de toanielfoarstelling One Flew over the Cuckoo's Nest op Broadway.
Films fan Bryna Productions en Joel Productions
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |