Springe nei ynhâld

Brune rysfûgel

Ut Wikipedy
Brune rysfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprachtfinken (Estrildidae)
skaairysfûgels (Padda)
soarte
Padda fuscata
Vieillot, 1807
IUCN-status: hast bedrige

De brune rysfûgel (Padda fuscata; synonym: Lonchura fuscata) is in sjongfûgel út 'e famylje prachtfinken (Estrildidae).

Earder waard de brune rysfûgel mei de Javaanske rysfûgel klassifisearre yn it skaai nontsjes (Lochura) en guon dogge dat noch.

Brune rysfûgels binne likernôch 14 sm grut en ha in donkerbrún fearre kleed mei wite wangen en in krêmwite búk. Se ha in foarse sulverblauwe snaffel en rôze poatsjes. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen. Wat postuer oanbelanget ha se wat fan 'e Javaanske rysfûgel, mar hy is lytser en it fearrekleed is oars fan kleur.

De soarte komt allinnich foar op East- en West-Timor en de eilannen Semau en Roti. It oarspronklike ferspriedingsgebiet is grut, mar fragmintearre. Op guon plakken is de brune rysfûgel algemien, lykas oan 'e Laivairivier yn East-Timor, dêr't noch grutte groepen fan somtiden wol hûnderten fûgels waarnommen wurde.

Se libje fral op leechlân, meastentiids allinnich of yn lytse groepkes fan trije oant fiif fûgels en somtiden mei oare sieditende fûgels. Se foerazjearje op 'e grûn yn in ferskaat oan habitat, lykas gerslân, net ticht beboske gebieten, degradearre bosk, tunen en kultivearre gebieten.

De fûgelsoarte hat nei alle gedachten profitearre fan 'e útwreiding fan 'e rysbou en wurdt yn East-Timor as in pleachfûgel beskôge. De rysfjilden biede de fûgels iten en wetter.

Fanwegen oanhâldend ferlies fan moessonbosken, it fragmintearre ferspriedingsgebiet en de yllegale fangst foar hannel yn koaifûgels, wurdt de brune rysfûgel as hast bedrige (NT, 2016) klassifisearre op 'e Reade list fan bedrige Soarten fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: