Springe nei ynhâld

Brune kroanein

Ut Wikipedy
Brune kroanein

Jerke.

Sijke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai kroaneinen (Netta)
soarte
Netta erythrophthalma
Wied-Neuwied, 1833
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brune kroanein (Netta erythrophthalma) is in einfûgel, dy't yn 'e eastlike dielen fan Afrika en fragmintearre dielen fan Súd-Amearika libbet.

Brune kroaneinen ha in donker fearrekleed mei yn 'e flecht in brede wite bân op 'e wjukken. Jerken binne donkerbrún oant glânzgjend swart mei kastanjebrune wjukken en in ljochtgrize snaffel. Sijkes ha wyt by de snaffel en in wyt plak yn 'e foarm fan in heale moanne efter it each.

Brunen kroaneinen libje op twa kontininten en binne ûnder te ferdielen yn twa ûndersoarten.

  • N. e. erythrophthalma, of de Súd-Amearikaanske brune kroanein, dy't fral yn it Amasônebekken fan Súd-Amearika foarkomt.
  • N. e. brunnea, of de Afrikaanske brune kroanein, dy't syn ferspriedingsgebiet fan Etioopje oant Súd-Afrika hat.

De Súdamerikaanske ûndersoarte hat in fragmintearre ferspriedingsgebiet en libbet yn Kolombia, Fenezuëla, Brazylje, Ekwador, Perû, Bolivia, Argentynje oant Sily. De soarte libbet yn ûndjip swietwetter mei in soad ûnderwetterbegroeiïng yn leechlannen oant in hichte fan 3.700 m.

De Afrikaanske ûndersoarte libbet fan 'e Kaap oant de Etiopyske heechlannen op wetter mei of sûnder begroeiïng. Oannommen wurdt dat de soarte oarspronklik in trekfûgel wie, mar de bou fan in soad damen ha fan 'e fûgels mear stânfûgels makke. De grutste konsintraasjes binne te finen op de sintrale plato's fan Afrika en yn it súdwestlike winterreingebiet.

De soarte nimt sûnt de jierren 1970 ôf. Yn 2016 waard in oantal fan 25.000 Súdamerikaanske einen neamd, mar dat oantal kin te heech wêze om't der gegevens ûntbrieken. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet klassifisearret de IUCN as net bedrige.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Southern pochard


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brune kroanein fan Wikimedia Commons.