Springe nei ynhâld

Brune gint

Ut Wikipedy
brune gint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljegintfûgels (Sulidae)
skaaitropenginten (Sula)
soarte
Sula leucogaster
Boddeart, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brune gint (wittenskiplike namme: Sula leucogaster) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dit bist komt foar yn it Karibysk Gebiet en yn 'e tropyske dielen fan 'e Atlantyske, Yndyske en westlike en sintrale Stille Oseaan. It is in sosjale fûgel, dy't benammen fisk yt en yn grutte koloanjes oer de grûn nêstelet. De Kokosgint (Sula brewsteri) is yn 2024 fan 'e brune gint ôfspjalten. De IUCN klassifisearret de brune gint as net bedrige.

De brune gint waard yn 1781 yngeand beskreaun troch de Frânske wittenskipper Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon yn syn Histoire naturelle des Oiseaux ("Natoerhistoarje fan Fûgels"). Mar dêrby waard gjin wittenskiplike namme yntrodusearre en dêrom telt it net as in wittenskiplike beskriuwing. De Steatske natoerûndersiker Pieter Boddaert, dy't yn 1783 de binomiale namme Sula leucogaster tafoege, stiet dêrom formeel te boek as beskriuwer fan 'e fûgel. Sula is de Aldnoarske oantsjutting foar de gint (Morus bassanus), in oare gintfûgel, wylst leucogaster Aldgryksk is foar "wytbúk", fan λευκο, leuko ("wyt") en γαστήρ, gaster ("búk").

In pearke brune ginten by harren nêst.

It ferspriedingsgebiet fan 'e brune gint is opmakke út trije diskontinuë dielen. Yn it foarste plak komt dizze fûgel foar yn it hiele Karibysk Gebiet, boppe de Karibyske See en de Golf fan Meksiko, by de kusten fan 'e súdlike Feriene Steaten, eastlik Meksiko, eastlik Midden-Amearika en de noardpunt fan Súd-Amearika lâns, en teffens by de kusten lâns fan sawol de Bahama's en de Turks- en Kaikoseilannen, de Grutte Antillen as de Lytse Antillen.

Fierder nei it súdeasten ta rint de noardgrins fan in twadde diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e mûning fan 'e rivier de Pará, yn it noarden fan Brazylje, yn noardeastlike rjochting nei de súdpunt fan 'e Westlike Sahara yn Noard-Afrika. De súdgrins fan dat diel fan it areaal rint fan Florianópolis yn súdlik Brazylje nei de kust fan Gabon yn Sintraal-Afrika. Yn it tuskenlizzende gebiet komt de brune gint oan 'e westkant fan 'e oseaan by de Brazyljaanske kust lâns foar, en oan 'e eastkant by de kusten fan West-Afrika en de Golf fan Guinee lâns. Ek libbet er boppe de iepen oseaan en de pelagyske eilannen yn dat gebiet, lykas de Kaapverdyske Eilannen, it Britske Ascension en Sao Tomee en Prinsipe.

It trêde diel fan it ferspriedingsgebiet is fierwei it grutste. Yn it westen begjint it yn 'e Reade See, fan 'e Golf fan Suëz oant de Golf fan Aden. It rint lâns by de eastkust fan 'e Hoarn fan Afrika, by de súdkust fan it Arabysk Skiereilân en by de súdpunt fan it Yndysk subkontinint en beslacht de noardeastlike helte fan 'e Yndyske Oseaan, útsein de Golf fan Bingalen en it noardlike part fan 'e Arabyske See, mar ynklusyf de Andamaanske See. It omfiemet ek ferskate eilannegroepen, wêrûnder de Seysjellen, de Lakkadiven, de Malediven, de Andamanen, de Nikobaren, de Kokoseilannen en Krysteilân. It súdlikste punt fan 'e fersprieding fan 'e brune gint yn 'e Yndyske Oseaan is de Haaiebaai oan 'e westkust fan Austraalje.

Oanslutend op it areaal yn 'e Yndyske Oseaan komt de brune gint ek foar yn it westlike en sintrale diel fan 'e Stille Oseaan. Yn it súdwesten fan dat gebiet folget de fersprieding de kusten fan it súdlike part fan 'e Súdsineeske See en fan 'e Yndyske Arsjipel en de Filipinen, en teffens de Australyske noardkust oant Rockhampton yn Queenslân. Fierder eastlik beslacht it ferspriedingsgebiet hiel Melaneezje en Mikroneezje en it meastepart fan Polyneezje (útsein Nij-Seelân, Norfolk, de Pitcairneilannen en Peaske-eilân). De súdgrins fan it ferspriedingsgebiet rint dêr ûnder Nij-Kaledoanje, Tonga, de Cookeilannen en de Australeilannen lâns, wylst de noardgrins hast oan 'e haadeilannen fan Japan ta rikt. Yn dy kontreien omefettet it ferspriedingsgebiet ta Japan hearrende Fulkaaneilannen, Bonineilannen en Izu-eilannen, en fierder nei it easten ta ek Midway en de Hawaï-eilannen. Yn it uterste easten rint de grins fan it areaal om 'e Markesaseilannen en de Gambiereilannen yn Frânsk-Polyneezje hinne.

In brune gint op 'e wjuk.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brune gint fertoant in beskate mjitte fan seksuele dimorfy: it wyfke is justjes grutter as it mantsje, en by it wyfke sit der in giele râne om 'e eagen hinne, wylst dat by it mantsje in blauwe râne is. It wyfke hat trochinoar in totale lichemslingte fan likernôch 80 sm, mei in spanwiidte fan 150 sm en in gewicht fan 1,3 kg. It mantsje hat in lichemslingte fan maksimaal 75 sm, mei in spanwiidte fan 140 sm en in gewicht fan 1 kg. De snaffel is sulvergriis oerhingjend nei blauwich, mei fral op 'e ûnderkaak en deun by de kop wat giel. De rânen fan 'e snaffel binne kartele en tige skerp. De noasters sitte by de brune gint, lykas by alle gintfûgels, oan 'e binnenkant fan 'e snaffel, om foar te kommen dat der by it dûken seewetter yn kringe kin.

It fearrekleed is brún op 'e kop en de hals, yn 'e nekke, op it boarst, de rêch en de sturt, en oan 'e boppekant fan 'e wjukken en teffens in grut diel fan 'e ûnderkant fan 'e wjukken. De bealch is wyt, en itselde jildt foar it binnenste diel fan 'e ûnderkant fan 'e wjukken. De poaten binne oergrut yn ferhâlding ta it lichem en binne tarist mei swimfluezzen tusken de teannen. De kleur fan 'e poaten rint útinoar fan blauwich griis oant giel, in ferskil dat regionaal bepaald, mar net seizoenaal of geslachtlik is.

In juvenyl (te werkennen oan syn noch net fel wite bealch) op Prinsipe, yn Sao Tomee en Prinsipe.

Oars as by oare leden fan 'e famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) liket it fearrekleed fan juvenile brune ginten al op dat fan folwoeksen eksimplaren. It brún is by juvenilen lykwols wat skierder en op 'e kop, de wjukken en de sturt dûnkerder as op 'e rêch, wylst it boarst spikkele brún-wyt is.

Brune ginten bringe it grutste part fan it jier troch op see, en komme inkeld oan lân om te brieden. Dat dogge se op platte ûndergrûnen of middenmank rotsen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as in protte oare gintfûgels (Sulidae) is de brune gint in swijsume fûgel, dy't mar komselden leven jout. Fûgelders hawwe lykwols rapportearre dat se de bisten hiel út en troch in kroanjend of kwêkjend lûd meitsjen heard hawwe.

Brune ginten binne krêftige en behindige fleaners, dy't op 'e wjuk in grutte faasje berikke kinne. Mar it lânjen en opfleanen giet harren knoffelich ôf. Foar opfleanen hawwe se ferlet fan itsij in krêftige wyn, itsij in heech punt (lykas in klif) dêr't se ôf springe kinne.

Jeien (of sa't men wol fiskjen) dogge brune ginten troch al fleanende boppe see in gaadlike iezing lytseftige fisken op te spoaren, dy't relatyf deun ûnder it wetteroerflak swimt. Dan dûke se fan soms grutte hichte ôf suver leadrjocht de see yn, wêrby't se de wjukken tebek teare, sadat se in tige streamline lichemsfoarm krije. As se net daliks in fisk te pakken krije, hawwe se ek it fermogen om ûnder wetter de efterfolging yn te setten, wêrby't se har fuortbewege mei har wjukken en mei har mei swimfluezzen tariste poaten. Behalven troch sels te fiskjen, komme brune ginten ek wol oan har fretten troch kleptoparasitisme, dêr't benammen de grutte fregatfûgel (Fregata minor) it slachtoffer fan wurdt, in fûgel dy't sels ek bekend stiet as in kleptoparasyt.

In mantsje (mei blauwe eachrânen) op it nêst.

Nêsteljen dogge brune ginten yn grutte briedkoloanjes oan 'e kusten fan eilannen en dielen fan it fêstelân yn en bylâns de Karibyske See, de Golf fan Meksiko en tropyske dielen fan 'e Atlantyske, Yndyske en Stille Oseaan. Har nêsten meitsje se fan oanspielde seedrift. In ûndersyk út 2018 stelde fêst dat it dêrby yn dat jier troch de oanboazjende miljeufersmoarging foar 90% om plestik gie.

De brune gint is in monogame fûgel, en pearkes bliuwe faak byinoar oer ferskate briedseizoenen. Dat wol net sizze dat se dan it hiele jier byinoar yn 'e buert omslane, mar dat se inoar oan it begjin fan it folgjende briedseizoen wer opsykje. Dêrby wurde komplekse begroetingsrituelen útfierd. It wyfke leit nei de pearing 2 aaien, dy't wyt oant ljochtgriis fan kleur binne. De briedtiid duorret 41–43 dagen. It brieden wurdt troch beide âlden om bar dien. Ornaris wurdt der mar ien pyk grutbrocht, mei't de jongere pyk net mei syn âldere, sterkere broer of suster konkurrearje kin om iten en soms sels troch de gruttere pyk út it nêst wurke wurdt. De pyk wurdt troch beide âlden fuorre, en fljocht út mei 95–120 dagen. De brune gint is geslachtsryp mei 31/2 jier. It is in fûgel dy't lang libbet, mei in libbensferwachting fan teminsten 25–30 jier. Yn ien dokumintearre gefal yn Queenslân libbe in eksimplaar goed 32 jier.

In wyfke (mei giele eachrânen) fuorret in pyk.

Fierwei it grutste part fan it dieet fan 'e brune gint bestiet út fisk. Dêrby giet it spesifyk om ûnderskate soarten fleanende fisken, harders, healsnaffelbekken, ansjofisken en seebarbelen, en fierders om 'e kroande iikhoarnfisk (Sargocentron diadema) en de Yndyske makriel (Rastrelliger kanagurta). Dêrnjonken frette brune ginten ek wol pylkinketfisken en garnalen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brune ginten hawwe net folle natuerlike fijannen. Piken binne wol kwetsber foar rôffûgels en grutte miuwen en oare rôfsuchtige seefûgels, en teffens foar beskate soarten slangen.

De brune gint hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

In pear aaien fan 'e brune gint.

Lang waarden oan 'e brune gint (Sula leucogaster) 4 ûndersoarten tatocht, mar twa dêrfan (S. l. brewsteri en S. l. etesiaca) binne yn 2024 op gesach fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) en it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (AOS) ôfspjalten om in selsstannige soarte te foarmjen: de Kokosgint (Sula brewsteri). De ûndersoarten fan 'e brune gint binne:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.