Springe nei ynhâld

Brune gaai

Ut Wikipedy
brune gaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaimaskergaaien (Cyanocorax)
soarte
Cyanocorax morio
Wagler, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brune gaai (Cyanocorax morio) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).

De brune gaai stie earder yn it eigen skaai Psilorhinus. Nei molekulêre fylogenyske stúdzjes die bliken dat it skaai Cyanocorax parafyletysk wie oan Psilorhinus en om dat op te lossen waard Psilorhinus opnommen yn it skaai Cyanocorax.

Jonge fûgel yn 'e oergong nei folwoeksenens.

Brune gaaien ferskille geografysk yn 'e fearren. Der binne twa haadgroepen: noardlike fûgels binne hast folslein donkerbrún mei ljochtbrún oan 'e ûnderkant, wylst de súdlike fûgels in wite búk ha mei helderwite einen oan 'e bûtenste sturtfearren. Dêrtusken foarmet Veracruz yn Meksiko in tuskensône.

Folwoeksen fûgels ha swarte snaffels en poaten. Jonge fûgels hawwe giel op 'e poaten en snaffel en in giele eachring.

De soarte komt foar yn Midden-Amearika en wurdt ornaris ferdield yn trije ûndersoarten:

  • Cyanocorax yucatanicus palliatus: meast súdlik Teksas en noardeastlik en eastlik Meksiko .
  • Cyanocorax yucatanicus morio: fan súdeastlik Meksiko oant westlik Panama .
  • Cyanocorax yucatanicus vociferus: noardlik Yucatán.

Somtiden wurdt de Cyanocorax yucatanicus cyanogenys (súdeastlik Meksiko oant noardwestlik Panama) as in fjirde ûndersoarte neamd, mar meast wurdt dy yn 'e nominaatfoarm opnommen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brune gaaien foerazjearje yn beammen, mar ek wol op 'e grûn. Se frette wat se krije kinne: ynsekten en wringeleazen, mar ek hagedissen, nektar en fruit. Ek frette se aaien of jonge fûgels út oare nêsten, mar soks dogge se nei alle gedachten allinnich as der oars net genôch te fretten is.

It nêst wurdt yn in beam of grutte strûk boud troch beide skaaien. In lechsel bestiet ornaris út trije aaien, mar somtiden wol oant seis. De ynkubaasje duorret tusken 18 en 20 dagen. Allinnich it wyfke briedt en it mantsje fuorret har yn 'e briedtiid. It komt foar dat fûgels fan in earder lechsel helpe mei it grutbringen fan 'e jongen. De helpfûgel jout it iten net sels oan 'e jonge fûgels, mar brint it nei ien fan 'e âlden.

De populaasje waard yn 2019 op 2 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. De soarte wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2020) neamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: