Brune dûkein
Brune dûkein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aythya nyroca | ||||||||||||
Güldenstädt, 1770 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De brune dûkein (Aythya nyroca) is in dûkein fan it skaai jollings (Aythya) út de famylje einfûgels (Anatidae).
De brune dûkein is de iennige Europeeske einsoarte mei in swak seksueel dimorfisme. Yn West- en Sintraal-Europa is de fûgel in sporadyske briedfûgel en de oantallen fan 'e soarte rinne tebek. De belangrykste Europeeske briedgebieten lizze yn 'e steppen fan 'e Oekraïne. De soarte is maklik te fokken en der ûntsnappe noch alris fûgels út finzenskip, dy't yn it wyld waarnommen wurde.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brune dûkeinen binne mei in lingte fan 38 oant 42 sm en in gewicht fan 560 gram de lytste dûkeinen fan it skaai.
Yn 'e briedtiid is it jerkje kastanjebrún op 'e kop, it boarst en de flanken en hy hat suver wite ûndersturtdekfearren. As er fleant binne de wite búk en de wite dielen ûnder de wjukken te sjen. Wyfkes binne doffer en bruner as de jerken. Harren fearrekleed is ek minder kontrastearjend.
It jerkje hat in giel each en it wyfke in donker each.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn East-Europa, fral Hongarije, Bulgarije, Roemeenje en de Oekraïne en op de steppen en ûnlannen fan Aazje. Gruttere populaasjes binne ek yn Mongoalje en Tibet. Yn Dútslân briedt de ein sûnt 1999 yn it Saksysk-Brandenburchske grinsgebiet. Ek binne der in pear pearkes dy't oan 'e Bodensee briede en sûnt 2010 is de ein ek in briedfûgel yn Meklenburch-Foarpommeren. Yn Frankryk binne der in pear briedgefallen bekend tusken La Dombes en Lyon. Yn it suden komt de fûgel yn 'e lannen om de Middellânske See foar. Yn it heechlân fan Tibet leit de eastlike grins fan it ferspriedingsgebiet, mar waarnimmingen binne der oant Japan.
De oerwinteringsgebieten lizze fral oan 'e Swarte See, de Kaspyske See en de Aralmar. By ekstreem waar trekke de einen fierder en oerwinterje dan ek yn Grikelân, Turkije, Itaalje en Noard-Afrika. Mar in hiel lyts diel stekt de Sahara oer en oerwinteret yn Senegal, de delta fan 'e Niger en Sûdan. De eastlike populaasjes trekke yn 'e rjochting fan Irak, Iran en belânje yn Pakistan en Noard-Yndia. As wintergasten bliuwe de einen oant maart en yn april komme de fûgels wer yn 'e briedgebieten oan. Yn Nederlân is de soarte in ûnregelmjittige en tige seldsume briedfûgel yn feandobben.[1]

De fûgel mei him graach tusken de reidseamen en driuwende bledplanten ophâlde. Hy hat in foarkar foar ûndjip wetter mei in soad ûnderwetterplanten. Se mije djip wetter en snelstreamende rivieren. Oars as de measte oare soarten dûkeinen is de brune dûkein net hiel sosjaal. Kloften fan in pear hûndert brune dûkeinen binne tige seldsum en komme alline foar dêr't de soarte talryk is. Yn 'e regel binne it groepkes fan heechút seis eksimplaren.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brune dûkeinen ite yn haadsaak planten en nimme mei de planten ek wolris wat dierlik materiaal yn, lykas slakken, ynsekten of kikkerfiskjes. It nêst leit goed ferside tusken de fegetaasje en meast is der in lestich te finen trochgong tusken de beplanting nei it mear iepen wetter. It nêst wurdt boud fan planten en mei dûns en fearren ôfset. In lechsel bestiet út sân oant alve krêmgiele aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant it begjin fan 'e 20e iuw wie de brune ein ien fan 'e meast foarkommende soarten yn syn ferspriedingsgebiet. Sûnt is de populaasje dramatysk ôfnommen. Oan it begjin fan 'e 20e iuw telde Spanje bygelyks noch 500 briedpearkes, dêr't hjoed-de-dei noch mar fjouwer registrearre wurde. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje út 40.000 oant 100.000 fûgels bestiet, mar betrouber binne de sifers net om't der fral oer de eastlike briedgebieten net in soad ynformaasje is en de brune dûkein tige ferside libbet.
Wetlands International rûst de populaasje fan it westlike Middellânske Seegebiet, Noard- en West-Afrika op 5.700-6.300 fûgels, fan East-Europa en it eastlike Middellânske Seegebiet op 50.000 oant 82.000 fûgels, fan West- en Súdwest-Aazje en Noardeast-Afrika op 25.000 oant 50.000 fûgels en op likernôch 100.000 fûgels yn 'e rest fan Aazje. Meiïnoar binne dat sa'n 180.000 oant 240.000 fûgels [2]
Brune dûkeinen wurde troch de IUCN op 'e Reade list as gefoelich klassifiseare.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Moorente
|
- Jolling
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara