Brullen
Brullen is in type fokalisaasje fan beskate bisten, dy't lûd, leechtoanich en resonant is. Beskate soarten sûchdieren hawwe troch evolúsje it fermogen krigen ta it fuortbringen fan soksoarte lûden. It doel dêrfan liket kommunikaasje oer de lange ôfstân en yntimidaasje fan rivalen fan deselde soarte en konkurrinten fan oare soarten te wêzen.
De anatomyske basis foar it fermogen ta brullen hat gauris te krijen mei oanpassings oan 'e strôtbal en de tongbonke, en de ûntjouwing fan fergrutte ynterne luchtkeamers foar fokale resonânsje op lege frekwinsjes. As se brulle, rekke bisten faak de hals út en rjochtsje se de kop omheech of skean omheech om 'e romte foar resonânsje te fergrutsjen.
Brullen is benammen bekend fan fjouwer fan 'e sân soarten grutte katten (Pantherinae): de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca). Dy wurde omreden fan dit fermogen ek wol de "brullende katten" neamd. Brullen komt ek foar by de bearen (Ursidae), beskate soarten finpoatigen (Pinnipedia), lykas seeliuwen (Otariinae) en see-oaljefanten (Mirounga), beskate soarten kobisten, lykas de Amerikaanske bizon (Bison bison), oare holhoarnigen (Bovidae), lykas de muskusokse (Ovibos moschatus), en beskate soarten apen, lykas gorilla's (Gorilla).
It brullen fan harten, lykas it reahart (Cervus elaphus) en de eland (Alces alces) wurdt burljen neamd. By oaljefanten sprekt men ynstee fan trompetterjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |