Brothers in Arms (roman fan Lois McMaster Bujold)

Ut Wikipedy
Brothers in Arms
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1989, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel The Borders of Infinity
● folgjend diel Borders of Infinity (ramtferhaal)
kodearring
ISBN 0 67 16 97 994

Brothers in Arms is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. Brothers in Arms waard foar it earst útjûn yn 1989 en is ûnderwilens oerset yn trettjin talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bujold skreau Brothers in Arms yn 1989. It makket diel út fan it trochgeande ferhaal oer Miles Vorkosigan, dy't diskear ta de ûntdekking komt dat er in kloan-broer hat. Bujold har útjouwer Jim Baen wie net daliks entûsjast oer dizze ûntwikkeling, mar hja wist him oer te heljen om der dochs yn mei te gean. Brothers in Arms, dat oerset wurde kin as "Wapenbruorren", is skreaun yn it personele perspektyf. It waard foar it earst útjûn yn 1989 troch Baen Books. Yn 2002 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles Errant, mei de roman Mirror Dance en de novelle The Borders of Infinity.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Brothers in Arms arrivearret de Frije Dendarii Hierlingefloat by de Ierde. Nei harren huzarestikje op Dagoola IV (sjoch: The Borders of Infinity) binne se troch de Cêtagandiërs withoelang neisitten en dêrby hawwe se aardich wat skea oprûn, sawol kwa materieel as wat minsken oangiet. Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, dy't foar de Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec wurket ûnder de momkape fan admiraal Miles Naismith, de befelhawwer fan 'e Dendarii, hopet op 'e Ierde sawol medyske as technyske bystân te finen. Boppedat stiet der yn Londen, dêr't de measte galaktyske fertsjintwurdigings fêstige binne, ek in Barrayareeske ambassade; dit is de earste kear nei Dagoola IV dat Miles kontakt opnimme kin mei ImpSec, de geheime opdrachtjouwer foar de operaasje dêre, en in betelling fan 18 miljoen Barrayareeske marken ynkassearje om alle ûnkosten fan 'e hierlingefloat mei te beteljen: operasjonele kosten foar fiiftûzen man en alve romteskippen foar in perioade fan seis moanne; ferlies en skea oan materieel; munysje; brânstof; soldij; medyske kosten.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Sadwaande ferfoeget er him daliks by de militêr attasjee fan 'e ambassade, kaptein Duv Galeni. Dy is ôfkomstich fan 'e planeet Komarr, dy't tritich jier earder út polityk-strategyske omtinkens troch de Barrayarezen ferovere is. Galeni is ien fan 'e earste Komarranen dy't ta de Barrayareeske Striidkrêften talitten is en hy moat dus twaris sa hurd syn bêst dwaan om wat te berikken as in Barrayarees yn deselde posysje, dus hy kin Miles en alle komplikaasjes dy't dy him no besoarget eins misse as pinemûle. Mar it sjocht dernei út dat se noch wol in hoartsje mei-inoar oanhelle wêze sille, want Galeni hat gjin 18 miljoen mark ta syn foldwaan en sil der in koerier om stjoere moatte nei it Sektor II ImpSec-Haadkertier op Tau Cêti. Dat is in reis fan fiif dagen hinne en fiif werom, dat Miles wurdt foarearst as trêde militêr attasjee oan 'e ambassade tafoege, wêrby't er ynwurke wurdt troch syn neef Ivan, dy't hjir tafalligerwize de twadde militêr attasjee is.

Tsien dagen letter keart de koerier lykwols sûnder jild werom. Galeni stjoert him nochris nei Tau Cêti mei deselde fraach, mar dat kostet op 'e nij tsien dagen, en de Dendarii sitte ûnderwilens sa krap by kas dat de sitewaasje penibel wurdt. Alderlei swierrichheden begjinne har foar te dwaan, sadat Miles no hinne en wer swalkje moat fan syn admiraal Naismith-personaazje by de float nei syn luitenant Vorkosigan-identiteit op 'e ambassade, mei as gefolch dat er sels op 't lêst suver yn 'e war rekket oer wa't er op it stuit ek al wer is. It wurdt noch yngewikkelder as er deselde sjoernaliste earst treft as admiraal Naismith en letter as luitenant Vorkosigan; it is in hiele toer om it frommeske derfan te oertsjûgjen dat dat twa ferskillende persoanen binne. Underwilens hawwe de Cêtagandiërs nei Dagoola IV in priis op 'e holle fan admiraal Naismith set en wurdt der in oanslach op Miles dien dy't er mar kwealk oerlibbet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wer tsien dagen letter komt de koerier op 'e nij sûnder jild op 'e ambassade. Galeni stjoert him daliks nochris werom, mar Miles rûkt no perfoarst ûnrie. Hy fertinkt no Galeni derfan dat dy it jild daliks de earste kears al efteroer drukt hat; allinnich wêrom is er dan net mei de bút útnaaid? Dan ferdwynt Galeni ynienen en is Miles der wis fan wêr't de ein fêstsit. Hy stjoert Elena Bothari Jesek, ien fan syn âldste freonen en ien fan 'e mar trije Dendarii dy't op 'e hichte binne fan 'e konneksje tusken de hierlingen en ImpSec, nei Tau Cêti om ferhaal te heljen. De ambassadeur stelt ûnderwilens Miles oan om 'e ferdwining fan Galeni te ûndersykjen. Ut it dossier fan 'e man docht bliken dat syn famylje yn it ferline in promininte rol spile hat yn it ferset tsjin 'e Barrayareeske oerhearsking fan Komarr. Foar Miles falle de puzelstikjes teplak. Om't er it te drok hat mei oare omtinkens, draacht er it ûndersyk nei Galeni oer oan kommandant Elli Quinn, syn ûnderhearrige by de Dendarii (dy't teffens syn minneresse is), fansels sûnder dêr op 'e ambassade immen oer yn te ljochtsjen.

Inkele dagen letter wurde de Dendarii ynhierd om luitenant Vorkosigan (Miles sels dus) te ûntfieren. Miles beslút deryn mei te gean om te sjen wa't dêrefter sit, mar op it plak dêr't se him ôfleverje moatte soene, liket nimmen oanwêzich te wêzen. As Miles lykwols eefkes allinnich litten wurdt, wurdt er fluch oermastere en syn plak ynnommen troch in kloan; syn mannen ferlitte, nei't se tinke, ûnferrjochter sake it gebou mei de kloan en litte himsels efter. Miles wurdt oerbrocht nei in oar hûs, dêr't er yn 'e sel setten wurdt by Duv Galeni.

Galeni leit him út dat it brein efter it hiele plan syn al in fearnsiuw lang deawaande heit Ser Galen is, in Komarraanske frijheidsstrider, dy't nei it delslaan fan 'e Komarraanske Opstân troch de Barrayarezen ûnderdûkt is en op it wetteleaze Jackson's Whole by Hûs Bharaputra de soan fan syn aartsfijân kloane litten hat. Hy wie der altiten fan útgien dat er syn eigen soan op elts momint wer oan him bine koe, mar dat is him raar ôffallen: Duv Galeni wol neat mear fan syn heit witte. It lek yn 'e ferbining mei Tau Cêti moat dan dus ynstee fan Galeni de koerier wol west hawwe. Mar dat is allegear wittenskip dêr't se, finzenen dat se binne, op it stuit net sa'n soad oan hawwe.

Einlings beslute de Komarranen om harren allebeide út 'e wei te romjen, mar ear't dat barre kin, wurde se rêden troch Elli Quinn en de Dendarii. Net om't dy de kloan trochhiene, mar om't Miles harren befel jûn hie om Duv Galeni op te spoaren; syn eigen befrijing komt foar Elli as in folsleine ferrassing. Miles en Galeni keare werom nei de ambassade, mar foar't se harren oppakke kinne, witte Galen en de kloan te ûntkommen. Dan keart einlik ek Elena Bothari Jesek werom fan Tau Cêti, mei de 18 miljoen mark en it bewiis dat de koerier mei de Komarranen ûnder ien tekken skûle, mar ek mei it Sektor II ImpSec-haad, kolonel Destang, dy't wisberet is om sawol Galen as de kloan likwidearje te litten. Miles is it dêr net mei iens, om't syn kloan op it progressive Bêta Koloanje, de thúswrâld fan syn mem, as syn jongere broer beskôge wurde soe. Mar it slagget him net om it Destang te ûntpraten.

Dan ûntfiert Galen Miles syn neef Ivan om in moeting ôf te twingen. It is syn bedoeling om Miles no gewoan te fermoardzjen, mar ûnder de moeting kriget er ûnienichheid mei de kloan; se wrakselje om in wapen dat dêrby ôfgiet, en Galen komt om. Nei in hoart sideplak boarte te hawwen om oan sawol kolonel Destang syn mannen as oan in Cêtagandysk likwidaasjetiim te ûntkommen, lit Miles syn kloan (oftewol syn broer Mark), dy't wegeret om nei Barrayar te kommen, gean mei in flinke som kontant jild.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Japansk (Shin'ai naru Kuroun), fert. Ayako Ogiso, 1993;
  • Italjaansk (Il Nemico dei Vor), fert. Maria Cristina Pietri, 1994;
  • Russysk (Braťja po Oružiju), fert. T. Čerjezova, 1995;
  • Dútsk (Waffenbrüder), fert. Michael Morgental, 1996;
  • Frânsk (Un Clone Encombrant), fert. Paul Benita, 1997;
  • Litousk (Ginklo Broliai), fert. Nomeda Berkuvienė, 1997;
  • Poalsk (Towarzysze Broni), fert. Bartosz Grudowski en Piotr Szymczak, 1998;
  • Kroätysk (Braća po Oružju), fert. Milena Benini-Getz, 1999;
  • Spaansk (Hermanos de Armas), fert. Rafael Marín Trechera, 1999;
  • Bulgaarsk (Bratja po Orăžie), fert. Krum Bačvarov, 2000;
  • Tsjechysk (Bratři ve Zbrani), fert. Helena Soukupová, 2002;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Estysk (Relvavennad), fert. Allan Eichenbaum, 2012.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen