Broekmûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Broekmole)
Broekmûne
mûne / mole
De Broekmûne yn 2009
De Broekmûne yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Broeksterwâld
adres Schwartzenbergloane 2a
koördinaten 53° 16' N 5° 58' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de Broekpolder
flecht 16,70 meter
boujier 1876
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11679
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Broekmûne (Fryslân)
Broekmûne

De Broekmûne is in poldermûne krekt west fan it doarp Broeksterwâld yn de gemeente Dantumadiel.

De Broekmûne is in houten achtkant op stiennen fjildmuorren, reiddutsen mei in flecht fan 16,70 m.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De muonts waard yn 1876 boud foar it bemeallen fan de Broekpolder.

Yn 1911 krige de mûne in selsswichting en yn 1937 in wjuksysteem fan Dekker. De Broekmûne krige yn 1961 in nije fizel, dy't oandreaun waard troch in diselmotor. In pear jier letter waard de mole bûten wurking steld.

De tige ferrinnewearre Broekmûne waard yn 1975 restaurearre. De mûne waard wer Ald-Hollânsk ophekt en koe yn alle gefallen wer draaie. Letter waard de mûne wer safier renovearre, dat er ek wer mealfeardich wie, al is dat allinne mooglik yn sirkwy. Sûnt 1977 is de Stifting De Fryske Mole eigner fan de mûne.

Yn 2008 waard fanwegen de minne steat fan de roeden de mûne stilset. Yn 2009 binne dy ferfongen en tsjintwurdich is de mûne wer mealfeardich (yn sirkwy).

Op 29 jannewaris 2022 ûnstie brân yn de mûne om't it remmechanisme te hyt waard. De brân bleau beheind om't de mûnder fuort fanwegen kaam, sadat allinne de reiddutsen kape wat skea oprûn.[1]

De Broekmûne is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: