Brockhaus Enzyklopädie

De Brockhaus Enzyklopädie wie in alfabetyske ensyklopedy, útjûn tusken 1796 en 2014. In kenmerk fan de ensysklopedy wie dat elts lyts mêd in eigen artikel wie, dêr't guon oare ensyklopedys gruttere artikels hienen, mar mei mear as ien mêd yn itselde artikel.
Conversationslexikon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Conversationslexikon mit vorzüglicher Rücksicht auf die gegenwärtigen Zeiten waard fan 1796 útjûn troch Renatus Gotthelf Löbel en Christian Wilhelm Franke. Nei't Löbel yn 1799 ferstoarn wie, wie de ensyklopedy lykwols yn de sechde, lêste, bân fêstrûn. Friedrich Arnold Brockhaus wie yn 1805 yn Amsterdam begûn mei in boekhannel, en yn 1808 koft er yn Leipzig de rjochten en it materiaal fan it Conversationslexikon. Hy soarge derfoar dat de lêst bân foltôge waard, en mei twa tafoegde bannen om't der tiid ferrûn waard, wist er tsjin 1811 wier likernôch alle 2000 eksemplaren fan it leksikon te ferkeapjen.
Brockhaus Conversations-Lexikon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1812 oant 1826 waard troch Brockhaus de 2e oan en mei 6de útjefte fan it Leksikon útjûn. Ek foar him die bliken dat it net maklik wie en jou gâns in ensyklopedy yn ien kear út. Yn stee dêrfan begûn er oan de twadde printinge, mar eart er dy dien hie, wie dy sa ferâldere dat er al oan de tredde printinge begûn, en mei dat gâns it wurk ôf wie, hie er it earste part sels op'e nij dwaan moaten as de fjirde printinge. In oar probeem wie dat mei it útelkoar fallen fan de ienheidsteat fan it Dútske ryk, de beheining fan auteursrjochten lêstich wie, dat wylst de lêste bân noch net printe wie, der al rôfkopyen fan de ensyklopedy útjûn waarden yn in oare Dútske steat. By libben fan Brockhaus waard 5de printinge útwreide ta tsien bannen. Twa bannen mear moasten de saken fan religy beskriuwe, yn de hope dat dat sa dien wurde koe dat wylst part fan it Dútske med katolyk wie, benammen yn Eastenryk, wylst in oar part protestant wie, sûnder dat dat problemen jaan soe. Lykwols kamen dy problem n der dochs, en yn Brockhaus syn tiid wienen dy net oplosber.
Allgemeine deutsche Real-Encyklopädie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferstjerren fan harren heit yn 1823 hiene ek syn beide soannen yn earsten te krijen mei rôfkopyen. Lykwols wie de rop fan de Brockhaus no sa grut dat kopyen wier as ferfalskingen sjoen waarden. Ek spile mei dat it tal fa Dútske steaten werom rûn, en dêrmei it tal fan mûglikheden om legaal in rôfkopy te meitsje, mei op it lêst it ta stân kommen fan it Dútske Keizerryk. De ensyklopedy joech de feroarings fan de tastân troch, yn op it lêst 16 bannen, krekt foar de Earste Wrâldkriich.
Der Große Brockhaus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgende Brockhaus wie eins bedoeld en ferskyn yn 1912. Mar mei de tastân yn it lân, en de kriich, duorre it oant 1928 ear't it earste part fan de Große Brockhaus útkaam. It duorre noch oant 1937 oant gâns it wurk útjûn wie, mei 20 bannen, en noch in tafoegingsbân en as lêste in atlasbân. Nei dy Weimarder Brockhaus, wie der yntusken fraach nei in nije Nasjonaal-sosjalistyske Brockhaus. It begjin dêrfan kaam yn 1939 út, mar fierder as de earste bân is dy nea kaam, om de kriich.
Brockhaus Enzyklopädie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich begûn de ensyklopedy mei in lytsere ferzje yn tolve bannen plus wat tafoegings as 16de útjefte. Lykwols woeks it wurk al gau wer grutter, oant de yn 2005 de 21ste ferzje fan de Brockhaus Enzyklopädie in kolleksje fan 300.000 artikels yn 30 banen wie.
Ein fan in tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei dy 21ste edysje waard lykwols ek dúdlik dat it tiidrek fan de enyklopedy op papier foarby wie. Fansels koe men hieltiid noch grutter, mar krekt dy mjitte makke it dreech en hâld alles by de tiid. In digitale ensyklopedy koe folle makliker oanpast wurde. Yn fergelyk mei de nije Wikipedia wie dy faaks noch net krekt sa persys en folslein, mar dy wie foar aktuele artikels flugger wer by dy tiid. Twadde helte fan it earste desenum waard besletten dat de 21ste edysje de lêste west hie.
Begjin 2026 hat de Ingelske Wikipedy in mjitte fan mear as 7 miljoen siden; dat hiene foar de Brockhaus grif mear as 700 banden west. Yndie; it tiidrek fan de papieren ensyklopedy wie foarby.