Brilskoet
| brilskoet | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cepphus carbo | ||||||||||||
| Pallas, 1811 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De brilskoet (Cepphus carbo) is in fûgel út de famylke fan alkfûgels (Alcidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brilskoet is in middelgrutte seefûgel fan rotsige kusten. Simmerdeis hat de fûgel koraalreade poaten en in grutte wite "" bril" mei in fierder swart fearrekleed. Nei de winter ta wurdt de ûnderkant wyt en is de bril ferfongen troch in smelle eachring. As de fûgel oan it ferfearjen is hawwe de fûgels ûnder rûge streken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar oan 'e noardeastlike kusten en eilannen fan Aazje: it skiereilân Kamtsjatka, de See fan Ochotsk, it noardeasten fan Noard-Koreä, de Koerilen en Hokkaido (Japan).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel jaget op fiskjes en wringeleazen. Syn jachtgebiet is nea fier fan 'e koloanje dêr't er briedt. It briedseizoen set tusken april en maaie útein, faak yn groepkes fan 10 oant 20 pearkes en selden yn grutte koloanjes. It nêst sit yn holtes en spjalten fan kliffen. Op eilannen sûnder rôfdieren wurdt ek op tagonklike plakken bret. It binne stânfûgels dy't by it briedgebiet bliuwe, útsein de fûgels yn it noardlike ferspriedingsgebiet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje waard yn 1996 op 140.000 oant 148.000 fûgels rûsd. Yn Japan is it oantal koloanjes ôfnommen troch fersteuring. Nei alle gedachten foarmje ek de tekoarten oan fisk troch it oerbefiskjen, yllegale jacht en predaasje fan yntrodusearre rôfdieren (rot, sabelmarter, foks) in bedriging foar de fûgel. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte lywols noch de status fan net bedrige (LC, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
