Brilpinguïns
| Brilpinguïns | ||
| Spheniscus demersus | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | pinguïneftigen (Sphenisciformes) | |
| famylje | pinguïns (Spheniscidae) | |
| skaai | brilpinguïns (Spheniscus) | |
| Brisson, 1760 | ||
Brilpinguïns (Spheniscus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje pinguïns (Spheniscidae). De typesoarte is de brilpinguïn.
De fjouwer soarten yn it skaai ha allegear in swartwite tekening mei in swarte rêch en kop en in wite búk mei donkere bannen oer it boarst. By de snaffel en eagen is ek in rôze, keal plak dat by de waarmteregulaasje helpt. De snaffel is yn ferlikening mei oare pinguïns relatyf stevich en lang.
It binne middelgrutte pinguïns fan likernôch 45 oant 70 sintimeter grut. Se binne oanpast om rap te swimmen. De koarte poaten binne nei efter set om yn it wetter gong te meitsjen, mar se binne net sa handich op it lân. De wjukken (of finnen) wurde allinnich yn it wetter brûkt.
Alle fjouwer soarten libje yn relatyf waarmere gebieten as oare pinguïns. Se binne bûn oan kâlde seestreamingen dy't in soad fisk oanfiere:
- Benguelastream (brilpinguïn)
- Humboldtstream (Humboldtpinguïn)
- Falklandstream (Magelhaenpinguïn)
- Cromwellstream (Galapagospinguïn)
De soarten briede yn koloanjes yn hoalen en ûnder strûken of tusken rotsen. In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien. Beide âlden briede en fersoargje de piken.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status Trend |
|---|---|---|---|---|
| Spheniscus demersus | brilpinguïn | Namybje, Súd-Afrika | krityk | |
| Spheniscus humboldti | humboldtpinguïn | Perû, Sily | kwetsber | |
| Spheniscus magellanicus | Magelhaenpinguïn | Argentynje, Sily, Brazylje, Oerûguay, Falklâneilannen | net bedrige | |
| Spheniscus mendiculus | Galapagospinguïn | Galapagoseilannen | bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
