Springe nei ynhâld

Brilielgoes

Ut Wikipedy
Brilielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaiNoardpasifyske ielguozzen (Urile)
soarte
Urile perspicillatus
Pallas, 1811
IUCN-status:

De brilielgoes (Urile perspicillatus) is in útstoarne fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) yn it fan 'e skift ginteftigen (Suliformes). It wie de grutste beskreaune soarte ûnder de ielguozzen, mar oer syn leefwize en eardere fersprieding is net folle bekend. Hjoed-de-dei binne der fan 'e soarte noch mar seis opstoppe eksimplaren yn wittenskiplike kolleksjes bewarre bleaun.

Tekening fan 'e brilielgoes
(John Gerrard Keulemans)

De earste beskriuwing fan wat nei alle gedachten in brilielgoes wie, waard yn 1741 makke troch de Dútske natoerûndersiker Georg Wilhelm Steller. Hy beskreau de fûgel as grut, lomp en goed fan smaak. Nei alle gedachten is de brilielgoes letter troch de jacht foar it fleis en de fearren útstoarn.

Fersprieding en status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brilielgoes is bekend fan Beringeilân, dat diel útmakket fan 'e Kommandeurseilannen eastlik fan Kamtsjatka yn 'e Beringsee. De soarte waard foar it lêst yn 1852 waarnommen.

Skaai-yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brilielgoes waard, lykas de measte oare ielguozzen, earder yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Genetysk ûndersyk liet lykwols sjen dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde klades bestie. Dêrom waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De brilielgoes waard dêrby, tegearre mei syn neiste sibben, de pelagyske ielgoes, readmaskerielgoes en blaukielielgoes, yn it skaai Urile pleatst.

De IUCN beskôget de soarte as útstoarn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: