Springe nei ynhâld

Brildoke

Ut Wikipedy
brildoke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiAndesgrûndowen (Metriopelia)
soarte
Metriopelia ceciliae
(Lesson, 1845)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brildoke (Metriopelia ceciliae) is in fûgel yn it skaai Andesgrûndowen (Metriopelia) út de famylje dowen (Columbidae). De Frânske natuerûndersiker René Lesson, dy't de soarte yn 1845 beskreau, eare syn earstberne dochter Cécile Estelle Atala Gautrau mei de wittenskiplike namme ceciliae, dy't dat jier earder ferstoar.

Brildoke yn Perû.

It brildoke is in lyts, sierlik doke mei in opfallende brede, neakene oranje ring om it donkerpearse each. Brildokes wurde likernôch 17,5 sm lang. Se binne ljochtbrún oant bêzje mei in sêft rôze oant brune ûnderkant. De sturt is oan 'e ein wyt, itjinge goed te sjen is yn 'e flecht. It snaffeltsje is swart en de poatsjes binne bleek rôze.

De soarte komt foar yn 'e westlike Andes fan Perû, westlik Bolivia, noardlik en sintraal-Sily en noardwestlik Argentynje. Se libje yn drûge, rotseftige heechlizzende gebieten tusken 1.700 oant 4.000 m mei kaktussen en strewellen.

Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • Metriopelia ceciliae ceciliae: westlik Perû; nominaatfoarm
  • Metriopelia ceciliae obsoleta: de delling fan 'e Marañón, noardlik Perû; wat donkerder, matte fearren
  • Metriopelia ceciliae zimmeri: súdlik Perû oant noardlik Argentynje/Sily/Bolivia; lytsere eachring, wat oarskleurige ûnderkant.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet meast op 'e grûn en fleant allinnich by gefaar. It foer bestiet út sied en lytse plantaardige dielen dy't op 'e grûn fûn wurde. It lechsel bestiet út twa glânzgjende aaikes yn in ienfâldich nêst, faak yn in lytse holte, tusken stiennen op 'e grûn of op muorkes. De aaikes wurden yn 12 oant 15 dagen útbret troch beide âlden. De jonge fûgels fleane nei 14 oant 18 dagen út. Brildokes wurde yn pearkes of lytse groepkes sjoen en fladderje by gefaar lytse ôfstannen fuort.

De populaasje wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) en stabyl beskôge. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is ek wol te finen yn stêden. Takomstige bedrigingen kinne habitatferlies troch de útwreiding fan 'e lânbou en feehâlderij, stedsútwreidingen yn 'e legere Andes en klimaatferoaring wêze. Ek yntrodusearre rôfdieren kinne in bedriging foar de op 'e grûn libjende fûgel wêze.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: