Brigitte Mohnhaupt
| Brigitte Mohnhaupt | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Brigitte Margret Ida Mohnhaupt | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 24 juny 1949 | |
| berteplak | Rheinberg | |
| wurkpaad | ||
| organisaasje | Rote Armee Fraktion | |
| misdie | moard, besykjen ta moard, ûntfiering | |
| straf | 1972: 4,5 jier, 1985: fiif kear libbenslang, plus 15 jier | |
| status | frijlitten | |
| Eftergrûn | ||
| oplieding | Skiednis, Sjoernalistyk | |
Brigitte Margret Ida Mohnhaupt (Rheinberg, 24 juny 1949) is in Dútsk terroriste. Sy wie de liedster fan de saneamde twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion (RAF).
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dochter fan in meiwurker fan in útjouwerij yn Rheinberg brocht har jeugd troch as iennichst bern yn in middenklassegesin. Nei't it houlik fan har âlden yn 1960 op 'e non rûn, bleau Brigitte Mohnhaupt by har mem wenjen. Yn 1967 behelle se har diploma oan it Schönborn-Gymnasium yn Bruchsal. Nei har eineksamen woe Mohnhaupt sjoernaliste wurde en skreau se har yn oan de filosofyske fakulteit fan de universiteit fan München foar in stúdzje sjoernalistyk en skiednis. Dêr kaam se yn kontakt mei de linkse sêne en luts se mei Rolf Heissler yn de kommune yn de Metzstrasse 15. Se wie koart (fan 1968 oant 1970) mei him boaske; ek hy waard letter lid fan de RAF.
Sûnt 1971 wie se aktyf belutsen by de RAF, dêr't se yn 1972 foar feroardiele waard. Se kaam yn 1977 frij wernei't sy ien fan de kopstikken fan de saneamde "twadde generaasje" fan de RAF waard. Datselde jier wie sy nau belutsen by de moarden op prokureur-generaal Siegfried Buback, Jürgen Ponto fan de Dresdner Bank en Hanns Martin Schleyer, foarsitter fan de Dútske wurkjouwersorganisaasje.
Dizze persoanen waarden fermoarde om it Dútske regear te twingen om de terroristen Andreas Baader, Gudrun Ensslin, Irmgard Möller en Jan-Carl Raspe frij te litten. Doe't it regear hjir net op yngie, waarden trije fan dizze terroristen, op 18 oktober 1977 dea fûn yn de finzenis.
Op 11 novimber 1982 waard se oppakt en yn 1985 ta fiif kear libbenslang plus 15 jier feroardiele. Yn 2007 kaam se nei 24 jier finzenisstraf earder frij, de minimale finzenisstraf foar de saken dêr't se foar feroardiele wie, mei in proeftiid fan 5 jier. Har frijlitting feroarsake de nedige opskuor yn Dútslân, omdat se nea berou toand hat foar har dieden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|