Springe nei ynhâld

Briedparasitisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Briedparasyt)
In karrekyt (Acrocephalus scirpaceus) fuorret in pyk fan 'e koekoek (Cuculus canorus) dy't folle grutter is as hysels.

Briedparasitisme is in foarm fan parasitisme fan beskate soarten bisten dy't oare soarten brûke om harren jongen út te brieden, te fersoargjen en grut te bringen. Dit ferskynsel is benammen bekend fan guon soarten fûgels, lykas de koekoek (Cuculus canorus), mar it komt ek foar by beskate soarten ynsekten en fisken.

Der wurde twa types briedparasitisme ûnderskaat:

  • ynterspesifyk briedparasitisme, tusken bisten fan ferskillende soarten, en
  • yntraspesifyk briedparasitisme, tusken yndividuën fan deselde soarte of fan soarten dy't sa nau besibbe binne dat se ûnderling fruchtbere neikommelingen produsearje kinne.

By yntraspesifyk briedparasitisme is de oantsjutting 'parasitisme' mooglik net altyd korrekt. Ofhinklik fan 'e omstannichheden kin it ek gean om in foarm fan mienskiplik brieden.

It nêst fan in foebe (Sayornis phoebe) mei fiif eigen aaien en (loftûnder) ien fan 'e brúnkopkowefûgel (Molothrus ater).

Yn Jeropa binne der mar twa soarten fûgels dy't ynterspesifike briedparasiten binne: de (gewoane) koekoek (Cuculus canorus) en de dêroan besibbe toefkoekoek (Clamator glandarius). It wyfke fan 'e koekoek leit har ta op in spesifike gasthearsoarte en leit har aai yn it nêst fan dy soarte. Dêrby bestiet aaimimikry, it ferskynsel dat it aai fan 'e koekoek de kleur en it spikkelpatroan fan aaien fan 'e gasthearsoarte hat. By fûgelsoarten dy't in ferdigening tsjin briedparasitisme ûntwikkele hawwe, bygelyks troch it parasitearre nêst te ferlitten en in nij nêst te bouwen of troch it frjemde aai út it nêst te wippen, liket it koekoeksaai ornaris mear op it aai fan 'e gasthearsoarte as by soarten dy't gjin ferdigening hawwe of wêrby't de ferdigening mar swak ûntwikkele is. De toefkoekoek leit syn aaien yn it nêst fan krie-eftigen, it meast by de ekster (Pica pica).

Der binne yn Jeropa ek soarten fûgels wêrfan't de wyfkes besykje om ien of mear aaien yn it nêst fan in soartgenoat of fan in wyfke fan in nau besibbe soarte te lizzen, in foarm fan yntraspesifyk briedparasitisme. Soks komt benammen foar by einfûgels (Anatidae), de reidhin (Gallinula chloropus), sweltsjes (Hirundo), de mosk (Passer domesticus), de protter (Sturnus vulgaris) en de roek (Corvus frugilegus). Dyselde wyfkes briede sels lykwols ek, en de neamde soarten binne dêrom net ôfhinklik fan dit gedrachspatroan.

Yn Afrika komme folle mear fûgels foar dy't oan ynterspesifyk briedparasitisme dogge. Dêrby giet it om ferskate soarten briedparasitêre koekoeken (Cuculinae), mar ek om widafûgels (Viduidae) lykas de langsturtparadyswida (Vidua interjecta), en alle soarten út 'e famylje fan 'e huningspeurders (Indicatoridae). Yn Noard-Amearika giet it om beskate troepiaalfûgels (Icteridae), lykas de kowefûgels (Molothrus). En yn Súd-Amearika komt in einesoarte foar dy't in ynterspesifike briedparasyt is, en dy't dêrom de namme koekoeksein (Heteronetta atricapilla) krigen hat.

In goudmeeps begluorket in ploaiwjukmeeps om tagong ta dy syn nêst te krijen.

By ynsekten dogge bygelyks de (dêrom sa neamde) koekoeksholders (Psithyrus) oan briedparasitisme. De sân soarten fan dat skaai parasitearje elts op in oare holdersoarte, en sommigen parasitearje op mear as ien soarte. Fan 'e goudmeepsen (Chrysididae), dy't omreden fan harren briedparasitisme ek wol koekoeksmeepsen neamd wurde, besteane sa'n 3.000 ûnderskate soarten, dy't allegearre parasitearje. Se lizze in aai yn nêsten fan ploaiwjukmeepsen (Vespidae), en de larve fan 'e goudmeeps, dy't earder út it aai komt as de larven fan 'e gasthear, frette sawol it aai fan 'e gasthearsoarte op as it fretten dat foar de eigen larve klearlein is.

It gintsiaanblaujurkje (Maculinea alcon) is in flinter wêrfan't de rûp opgroeit yn in eameldersnêst. De eamels slepe de rûp as proai mei nei harren nêst, mar ienris dêr oankommen, skiedt de rûp feromoanen ôf dy't sekuer oerienkomme mei de rook fan 'e larven fan eamels sels. Dat is in foarm fan mimikry. De eamels sjogge de rûp dan langer net mear as fretten, mar as ien fan har eigen jongen, en de rûp kin dêrnei sûnder tsjinakseljen fan 'e eamels harren larven opfrette. Deselde trúk wurdt ek útfierd troch beskate krobben, lykas de súdlike eamelpûdkrob (Clytra laeviuscula).

Yn 'e Tanganjikamar yn Afrika libbet in fisk, de koekoeksmarfal (Synodontis multipunctatus), dy't syn aaien útbriede lit troch mûlebrieders fan oare soarten, te witten troch ferskate soarten sichliden (Cichlidae).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.