Springe nei ynhâld

Koloanje (biology)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Briedkoloanje)
In koloanje Brandts ielguozzen (Urile penicillatus) oan 'e kust fan Kalifornje.

In koloanje is yn 'e biology in groep fan twa of mear yndividuën fan deselde soarte, dy't deun byinoar libje en in beskate ûnderlinge bân ûnderhâlde. Dy bân is ornaris foardielich foar alle leden fan 'e koloanje. Men kin dêrby tinke oan in mienskiplike (dus sterkere) ferdigening of oan it fermogen om gruttere proaien te fangen. It tsjinstelde fan koloniaal libjende bisten binne solitêr libjende bisten, dy't bûten de peartiid om net (folle) mei soartgenoaten omgeane.

Groepen skiep, wolven, protters en fisken binne neffens boppeneamde definysje allegearre koloanjes, mar oer it algemien wurde se net sa neamd om't der spesifikere termen foar besteane, te witten, in keppel skiep, in ridel wolven, in swaarm protters en in iezing fisken. By fûgels sprekt men wol fan briedkoloanjes, dêr't in soad eksimplaren fan deselde soarte gearkomme om yn inoars neite te brieden. Foarbylden dêrfan binne in protte soarten seefûgels, mar ek bygelyks roeken en ielreagers. By sûchdieren wurdt benammen fan koloanjes sprutsen as it giet om lytsere bisten dy't mienskiplike ûndergrûnske hoalestelsels oanlizze, lykas stôksturtsjes, grûniikhoarntsjes, marmotten en prêrjehûnen.

Beskate soarten ynsekten foarmje ek koloanjes, benammen eamels, bijen en termiten. By meepsen of ealjebijen, dy't ek koloniaal libje, sprekt men dan ornaris wer oer in 'nêst', wylst foar sprinkhoannen, dy't yn it gefal fan beskate soarten ek yn grutte groepen foarkomme, de term 'swaarm' brûkt wurdt.

De neamde foarbylden binne allegearre fan unitêre organismen, dy't (alteast in skoftke) ek los fan 'e koloanje oerlibje kinne soene. Guon organismen, lykas see-anemoanen en koraal, sitte lykwols letterlik oaninoar fêst en kinne los fan 'e koloanje net oerlibje. By sokke modulêre organismen is it troch fuortplanting troch kloanjen ek dreech te sizzen wêr't it yndividu ophâldt en de koloanje begjint. By noch wer oare bisten wurde wat yndividuën lykje eins foarme troch withoefolle lytsere organismen. It 'yndividu' is dan de koloanje. In klassyk foarbyld fan sa'n bist is it Portegeesk oarlochsskip (Physalia physalis), in gefaarlik netteldier mei in stek dy't yn guon gefallen ek in minske deadzje kin.

In koloanje fan mikroben of baktearjes is in kloft fan sokke organismen dy't op of yn in fêst foarwerp groeit. Sokke koloanjes besteane út kloanen, mei't alle yndividuën fan ien-en-deselde foarâldersel ôfstamje (derfan útgeande dat der gjin fersmoarging plakfûn hat).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.