Bridge (kaartspul)
Bridge is in kaartspul dat spile wurdt troch twa pear spilers. Har plak om ’e tafel wurdt (mei de klok mei) oantsjut as Noard, East, Súd en West. Noard en Súd foarmje it iene pear, East en West it oare. It spul wurdt spile mei in folslein pak kaarten fan 52; 13 yn elke kaartkleur, klaver, rút, hert en skop. Yn de basis folget bridge itselde prinsipe as klaverjasse of hertejeie: de kaarten fan it spul wurde omparten ûnder de fjouwer spilers en elke spiler besiket tegearre mei de partner safolle mooglik slaggen te meitsjen. By bridge krijt elke spiler dus 13 kaarten. Ofhinklik fan it oantal helle slaggen wurde skoares takend. Yn trochsneed duorret ien potsje sân oant acht minuten en dan folget in nij spul mei nije kânsen en útdagingen.
Biede
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In essinsjeel ferskil mei de boppeneamde kaartspullen by bridge is it bieden oan it begjin fan it spul. By de bieding giet it derom út te finen hokker pear de measte slaggen tinkt meitsje te kinnen, en mei hokker kaartkleur as troef. Krekt as op in feiling moat elke folgjende bieder heger biede as de foarige. It is ek tastien om te passen. As nei in bod trije kear past wurdt, hat de spiler fan it lêste bod fêstlein hoefolle slaggen hy of sy en syn of har partner helje wolle en mei hokker troefkleur. Dat hjit it kontrakt. Helje de bieders de slaggen fan it kontrakt (of mear), dan krije se skoarepunten. Helje se te min slaggen dan geane se down [1] en krije de tsjinstanners punten. It doel by it bieden is om sels op in sa gaadlik mooglik kontrakt út te kommen of oars om de tsjinpartij op de jeien ta in kontrakt dat sy nét helje kinne.
Diele
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in losse setting, bygelyks thús of yn in kafee, dielt in spiler, de dieler, de kaarten ien foar ien om, te begjinnen oan dyselde dy’t links fan him sit. By it folgjende potsje is de linkssittende de dieler, en sa fierder, oant nei fjouwer potsjes it rûntsje dien is. By it bridgen op in klub wurdt net mei de hân dield. Dêr lizze doaskes klear mei kaarten dy’t al skodde binne (de saneamde ‘ferdieling’), mei dêrby dúdlik oanjûn hokker foar N, E, S en W binne, en wa’t de dieler is. By bridge op ynternet krije de spilers automatysk fan it spulsysteem elke kear nije ferdielingen.
Biedljedder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in bod jout in spiler it oantal slaggen dat er minimaal meitsje wol oan, en de troefkleur. Nêst de fjouwer troefkleuren bestiet ek de opsje ‘gjin troef’, koartwei ‘sans’ SA[2], en yn Ingelske kontekst NT (‘no trump’). De earste seis slaggen binne automatysk al yn in bod opnommen. It bod ‘2 rút’ betsjut dus: ‘Wy meitsje 8 slaggen (of mear) mei rút as troef.’ By it bieden is de iene kleur heger as de oare. De folchoarder fan leech nei heech is klaver – rút – hert – skop – sans. In bod op 2-nivo is altyd heger as ien op 1-nivo. Sa ûntstiet der in ljedder mei 7x5 = 35 hieltiid hegere bodden, fan 1 klaver by it begjin oant 7 sans oan de ein. In kontrakt op 6-nivo (alle slaggen, útsein ien) is in ‘lyts slem’[3], in kontrakt op 7-nivo (alle slaggen) is ‘grut slem’. Yn in ynformele situaasje kin mûnling bean wurde. Op in bridgeklub is dat net tastien. Dêr binne spesjale biedbakjes mei foar elk bod in apart kaartsje dat men by it bieden foar jin op ’e tafel lizze kin.
Biedferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dieler mei begjinne mei bieden. Hy mei alles biede wat er wol mar sil meastal rêstich út ein sette op 1-nivo of eventueel 2-nivo. As er gjin goede kaarten hat kin er ek daliks passe (de oare kear dat er wer biede mei, mei er dan byneed gewoan wer in bod dwaan). As de dieler net past mar in bod docht, dan is dat it iepeningsbod, en de dieler de iepener. De spiler links fan de dieler kin dêrnei elk heger bod dwaan as dat fan de dieler, en sa fierder. In bod fan tsjinpartij nei de iepener hjit in folchbod, in bod fan partner fan de iepener hjit bybod. It bieden jout de mooglikheid om oan jins partner dúdlik te meitsjen wat foar kaarten oft men sels hat. Dêr binne allerhanne biedkonvinsjes foar úttocht dy’t fariearje fan basic oant tige fier útwurke. Tsjintwurdich spylje de measte begjinnende bridgers yn Nederlân it saneamde fiifkaart heech-systeem, dêr’t fierderop mear oer sein wurdt.
Spylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei’t it kontrakt fêststeld is, moatte de slaggen ek wiermakke wurde. Dyselde dy’t as earste fan it pear de kleur (of sans) fan it einkontrakt bean hat, spilet foar dat pear. Dy hjit no ‘de lieder’. De tsjinspiler links fan de lieder komt mei syn earste kaart út en dêrnei leit de partner fan de lieder al syn kaarten iepen op ’e tafel, dat eltsenien dy sjen kin. De partner is no ‘de dummy’ [4] en hat yn dit spul fierder gjin rol mear. De lieder spilet dus allinne mei de twa ferdielingen fan it pear (oantsjut as ‘hân’ en ‘tafel’) tsjin de beide tsjinstanners. Nei dat begjin is it spul ferfolgens in streekrjocht slachspul, mei de Aas as heechste en de tsien leger as de hofkaarten. Dat de folchoarder is A H F B 10 9 8 7 6 5 4 3 2. Wa’t net bekenne kin, hat gjin ferplichting om te troeven.
Puntetelling foar in makke kontrakt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It systeem om punten ta te kennen foar in helle kontrakt is net sa ynsichtlik. In oantal basisregels binne de neifolgjende:
Punten per slach (earste seis slaggen telle net mei)
* elke herte- en skoppeslach smyt 30 pt op;
* elke sans-slach smyt ek 30 pt op, de earste lykwols 40 pt;
* elke klaver- en ruteslach smyt 20 pt op.
Preemjes
As je mei de slaggen 100 pt of mear bean en helle ha, hjit dat ‘de manche’[5]. In manche smyt yn de ienfâldichste gefallen 300 pt ekstra preemje op. Dat jildt foar de kontrakten 3SA, 4♥, 4♠, 5♣, 5♦, dy smite ynklusyf preemje resp 400, 420, 420, 400 en 400 pt op.
Hawwe je in leger kontrakt makke as de boppeneamde fiif, dan komme je mei de helle slaggen net oan de manche ta. Yn dat gefal krije je in preemje fan 50 pt, ‘de dielskoarepreemje’.
In lyts en grut slem leverje noch folle hegere preemjes op.
Downslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofhinklik fan de situaasje is hjir in grut ferskaat oan mooglikheden dy’t begjinne by 50 pt by -1 (íen downslach) mar dy’t oprinne kinne oant 500 of 800 of noch mear. Tink derom: dy punten geane nei de tsjinstanners!
It manchekontrakt is kritysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By alle besteande kaartferdielingen jout heechút sa’n 30% de mooglikheid oan ien fan beide pearen (soms oan beide) om in manchekontrakt te heljen. It is by it bieden fan it grutste belang om in manchekontrakt net te missen. In foarbyld: in pear dat 4♥ biedt en makket, krijt 420 pt. In oar pear, dat mei deselde kaarten net fierder komt as in kontrakt 3♥ en ien ekstra slach makket, rint de manchepreemje mis – dy krije men allinne as de manche bean en makke is. Dat it pear krijt mar 170 pt (120 foar 4 herteslaggen en 50 dielskoarepreemje).
Fit en honneurpunten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De praktyk fan it spul wiist út dat as in pear tegearre 8 of mear kaarten fan ien kleur hat, dat it dan leannet om dy kleur troef te meitsjen. Se hawwe dan sa’t dat hjit in fit[6] yn dy kleur. Ien fan de doelen fan it bieden is om ûnder inoar út te finen yn hokker kleur oft der in fit is. Dêrnêst hinget de sterkte fan in hân kaarten ôf fan de hichte fan de kaarten – hoe heger, hoe better – en fan de skevens fan de ferdieling oer de kleuren (in 4-3-3-3-ferdieling hat minder potinsje as bygelyks in 6-5-1-1-ferdieling). Der is in ienfâldige mjitstêf ûntwikkele om oan te jaan hoe goed oft de kaarten fan in hân binne. Dêrta krije de honneurkaarten (de plaatsjes) punten takend: A 4, H 3, F 2 en B 1. Per kleur binne der dus 10 fan dy honneurpunten (HP), yn it hiele spul 40 (de skevens fan in ferdieling bliuwt hjir earst bûten beskôging). In twadde doel fan it bieden is om fan inoar in yndruk te krijen hoefolle honneurpunten oft de partner likernôch hat. Beide begripen (fit en honneurpunt) binne belangrike ûnderdielen fan in biedsysteem. Dêr binne yn de rin fan de jierren in hiel soad fan úttocht.
Biedsysteem
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In biedsysteem dat yn Nederlân in protte brûkt wurdt is fiifkaart heech. Hjirboppe is al oanjûn dat it finen fan in mooglik manche-kontrakt fan it grutste belang is. No docht bliken dat as partners tegearre likernôch 25 honneurpunten hawwe, hja in manchekontrakt 3SA, 4♥ of 4♠ wierskynlik wol meitsje kinne. Foar de manchekontrakten 5♣ en 5♦ binne sa'n 27 honneurpunten nedich. Dat leit yn de reden want in kontrakt op 5-nivo is heger as ien op 3- of 4-nivo, men mei dan mar twa slaggen misse yn stee fan trije of fjouwer.
It biedsysteem fiifkaart heech hat as doel om sa gau mooglik út te finen oft der in fit is yn de hege kleuren en oft partners tegearre minstens 25 honneurpunten hawwe, sadat in machekontrakt 4♥ of 4♠ mooglik is. Binne der wol 25 punten mar gjin fit yn de hege kleuren dan is 3SA wierskynlik wol in gaadlik kontrakt. Om in bytsje ynsicht te jaan yn de opset fan it biedsysteem folgje hjir as foarbyld in pear fan de ienfâldige bied-ôfspraken út it systeem. (Yn dit foarbyld passe de tsjinstanners hieltiid.)
By fiifkaart heech betsjut in iepeningsbod 1♥ of 1♠: Ik haw 12-19 HP en ministens fiif herten of fiif skoppen. Sa wit partner daliks oft der kânsen binne op in manche yn hert of skop. Ommers, hat er sels ek minimaal trije herte- of skoppekaarten, dan is der in fit yn dy kleur. In oantal bybodden dy’t partner no jaan kin, binne de neifolgjende:
- pas: Ik haw minder as 6 pt. It hat gjin doel om te besykjen in manchekontrakt te bieden, dêr binne wy te swak foar;
- 2♥ / 2♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 6-9 pt; partner, betink do mar oftst passe wolst of dat wy nei de manche kinne;
- 3♥ / 3♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 10-11 pt; partner, betink do mar oftst passe wolst of dat wy nei de manche kinne;
- 4♥ / 4♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 12 of mear pt: wy kinne de manche spylje en dy bied ik dus hjirby.
Yn it gefal dat it antwurd fan partner 2♥ / 2♠ is, moat iepener even goed neitinke. Hy joech mei it iepeningsbod 12-19 HP oan. Binne dy punten oan de lege kant (12-14 HP) dan binne der tegearre te min punten foar de manche. Binne dy punten oan de hege kant (18 of 19 HP) dan liket in manche goed mooglik, partner garandearret mei syn of har antwurd ommers minstens 6 HP. Dat, iepener biedt de manche.
Hat iepener lykwols 15-17 HP, dan is de manche wikkerdewik, ôfhinklik fan de punten fan de bybiedende partner. Yn dat gefal sil iepener 3♥ / 3♠ biede. Sa'n bod hjit in invite. Hy of sy seit dêrmei: Partner, ik lit it oan dy oer oftst de manche sitten sjochst of net.
Dit útwurke foarbyld lit sjen hoe't it bieden eins in foarm fan kommunikaasje is tusken de partners om it goede kontrakt te finen.
De ynset omheech: Dûblet, redûblet en kwetsberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De biedljedder ken twa, noch net neamde, ekstra bodden dy’t ynfloed ha op de puntetelling, it dûblet en it redûblet.
As ien fan de tsjinpartij in bod fan in spiler dûblearret betsjut dat: ‘Ik leau net dat jim dat kontrakt helje kinne. Jimme geane down! En dêrom ferdûbelje ik mei dit bod de strafpunten dy’t jim dan krije.’ Stel: E biedt 2♠; dêrnei passe S en W, mar N seit ‘dûblet’ (faak oanjûn mei ‘x’). As dêrop elkenien past, spylje E-W it kontrakt 2♠x. As se dan down geane, krijt de tsjinpartij twa kear safolle punten. Meitsje hja it kontrakt lykwols ál, dan krije hja mear punten as sljochtwei. In dûblet ferheget dus de ynset.
Der binne twa manieren om in dûblet by it bieden op te heffen. Yn it foarste plak kin de dûblearre partij trochbiede nei it dûblet fan de tsjinstanners. As E of W yn it boppesteande gefal nei N syn dûblet bg. 3♣ biede ferfalt it dûblet. Fansels kinne S of N dy 3♣ ek wer dûblearje mar dat hoecht net. De oare opsje as antwurd is dat E-W sizze: ‘Ha! Jim miene dat wy down geane!? No moai net! Wy dûblearje jim dûblet, dat is in redûblet.’ Mei it redûblet giet de ynset nóch in kear oer de kop, it wurdt no wier in spultsje fan alles of niks: down gean leveret de tsjinstanners nóch mear punten op, mar as de bieders fan it einkontrakt it ál meitsje, har ek.
Ta beslút is der noch it systeem fan kwetsberens. As in pear kwestber is betsjut dat, dat de punte-ynset fan it spul al op foarhân foar har ferhege is. It jout mear strafpunten as se down geane mar ek in hegere preemje foar de manche, nammentlik 500 pt (yn stee fan 300 pt. by net-kwetsber). By gewoan wedstriidbridge spylje pearen oan ien tafel faak fjouwer potsjes tsjin deselde tsjinstanners. Ofwikseljend is dan gjinien kwetsber, it iene pear, it oare pear en beide pearen. By spyljen mei in kompjûtersysteem jout it spulsysteem alle kearen oan hoe’t it mei de kwetsberens fan de beide pearen steld is. It mei dúdlik wêze dat spilers dy’t net kwetsber binne wat mear risiko nimme kinne omdat down gean minder strafpunten opsmyt.
Bridge as tinksport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frysk histoarysk en literêr sintrum Tresoar yn Ljouwert is yn 2018 útein set as tinksportkolleksjesintrum. Dêrby steane fjouwer grutte tinksporten sintraal: skake, damje, bridge en go. Troch de akwisysje fan in oantal kolleksjes beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere samling mei bridgepublikaasjes yn ’e wrâld. Bridge is, mei skake, damje en go, erkend as tinksport troch de NOC*NSF.
Bridge ferstjinnet dus blykber mear as oare kaartspullen de oantsjutting fan tinksport. De reden dêrfan is: As men yn de kroech in gesellige jûn bridge spilet en de kaarten út de hân dielt (dêr’t neat mis mei is), hinget de winst fan de pearen N-S en E-W ek ôf fan de tafallich goede of minne kaarten dy’t de spilers krije. Krije N-S mear manche-ferdielingen as E-W? Dan sit it der dik yn dat se nei tweintich potsjes de measte punten hawwe. Om dat effekt fan ‘gelok mei de kaarten’ op te heffen wurde by bridgewedstriden de resultaten dy’t ferskillende pearen mei deselde ferdieling helle hawwe, mei inoar fergelike yn in saneamde frekwinsjesteat (fierderop). En dan blykt dat it resultaat allinne noch mar bepaald wurdt troch spulynsicht, konsintraasje, ûnthâld en in goed wurkjend biedsysteem. Mei de software fan tsjintwurdich is it goed mooglik om fan in hiele protte spilers te sjen wat se allegear mei deselde kaarten bean hawwe – en makke (of net).
Dat aspekt fan it spul is ek wêrom't op in spuljûn fan in bridgeklub de ferdielingen yn doaskes beskikber steld wurde. By it spyljen leit elke spiler de kaarten fan de slaggen dy't dien binne foar him of har op 'e tafel del, op 'e kop. Eigen slaggen lizze fertikaal, slaggen fan de tsjinpartij horizontaal. Nei ôfrin triuwt elk it eigen trettjintal kaarten wer werom yn it doaske op it goede plak. Sa kinne folle mear oaren ek mei deselde ferdieling spylje.
Frekwinsjesteat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In frekwinsjesteat is in tabel dy’t sjen lit hoefolle punten oft de spilers helle hawwe út in besteande ferdieling. As foarbyld de yllustraasje hjirûnder, ûntliend oan de wykkompetysje op Berry’s Internet Club (de resultaten fan in jûn op in bridgeklub wurde op deselde wize ferwurke).
Wy sjogge oan de linkerkant de oanbelangjende ferdieling. Yn dit spul binne N en S kwetsber (oanjûn mei read). N en S hawwe hiel goed spile en it kontrakt 3SA makke mei twa ekstra slaggen. Dat smyt 660 pt op (preemje kwetsbere manche is 500 pt, plus de punten foar de sans-slaggen) De wite tabel rjochts is de frekwinsjesteat. Dêr falt út te sjen dat dit spul yn totaal 178 kear spile is; 85 kear wie it kontrakt 5♣ foar S, goed foar 600 pt; 13 kear spilen N en S blykber net goed (of de tsjinstanners wiene hiel tûk), dêr gie it 5♣-kontrakt 1-down, wat 100 pt opsmiet foar E en W (yn de tabel steane altyd de punten foar N en S, dus -100 pt). En dan binne der noch allerhanne oare kontrakten, ek in pear foar E en W.
Mei in beskate rekkenmetoade wurdt de ferdieling oer de punten omrekkene nei persinten en dat is de úteinlikse wedstriidskoare.
Nederlân Bridgelân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bridge is ûntstien út in oar kaartspul, whist. Wêr’t de namme bridge weikomt is net wis. Wol dúdlik is dat it spul yn de jierren tweintich fan de foarige iuw syn definitive foarm fûn en benammen yn Amearika populêr waard troch de ynset fan Ely Culbertson (1891-1955) dy’t mei syn Blue Book (1930) in miljoenepublyk berikte. Nei de oarloch waard it spul ek tige populêr yn Europa, benammen it Feriene Keninkryk, Frankryk en Itaalje.
De bruorren Goudsmit yntrodusearren it bridgespul om 1930 hinne yn Nederlân. Frits Willem (1899-1971) en Ernst Casimir (1903-1967)[7], beide jurist, spilen yn de âldste bridgeklub fan Nederlân, de hearesosjeteit Continental yn Amsterdam. Desennialang wiene se de sterkste spilers fan Nederlân. Se hiene ek ynternasjonaal in soad sukses.
Yn 1930 waard de Nederlandsche Bridge Bond oprjochte (stavering letter oanpast, koartwei NBB). Yn dy jierren wie bridge in elitespul mei sa’n tsientûzen leden oansletten by it lanlik bûn. Dat feroare pas yn de jierren santich fan de foarige iuw yn gearhing mei de maatskiplike trend fan ‘demokratisearring’. De sport waard yn koarte tiid tige populêr en it ledetal fan it bûn ûntplofte[8].
De NBB telde yn 1980 40.000 leden en yn 1995 wiene it al 100.000. Dat wie mei te tankjen oan de populêre boeken Van Start tot Finish fan Cees Sint (1945-2025) en Ton Schipperheyn (1932/3-2022) en de tv-kursus dy’t de AVRO op basis fan dy boeken útstjoerde. Yn 2012 wiene der 115.00 leden. Op seker stuit lykwols sette de ôfname yn en de website fan it bûn fermeldt yn febrewaris 2026 in ledetal fan 70.000. Likegoed is Nederlân ien fan de meast bridge spyljende lannen fan de wrâld. It lanlik bûn set him derfoar yn om de sport sawol yn de breedte as nei de top ta te fersterkjen.
Bridge op ynternet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De komst fan ynternet hat it bridgespul nije ympulsen jûn. It lanlik bûn begûn ein 2001 mei de ynternetbridgeklub StepBridge dy’t tsjintwurdich njoggentûzen leden hat. Elke bridger kin lid wurde fan StepBridge. As je ynlogge kinne je op allerhanne wizen spylje: rekreatyf of yn wedstriidfoarm; mei freonen of kunde by ôfspraak; of mei jins partner of mei in ûnbekende partner tsjin twa oare ûnbekenden. Lid-spilers krije op basis fan de helle resultaten in ‘ranking’. It Spulsysteem lit sa spilers fan ûngefear itselde nivo tsjin inoar spylje.
In oare Nederlânske bridgesite fan kwizekwânsje is dy fan Berry Westra (1961). Westra, in betûft wedstriidspiler, sette yn de jierren njoggentich útein mei it skriuwen en útjaan fan allerhanne boeken en oare publikaasjes oer bridge. Yn 2011 begûn er mei Berry’s Internet Club yn kombinaasje mei in nije rige boeken op ynstapnivo, Bridge in een flits.
As tredde kin hjir neamd wurde in rige fan tolve bridge-lessen op You Tube[9], fersoarge troch Tom Drijver.
Uteraard is der op mondiaal nivo in weareld oan bridgesites mei allerhande spylmooglikheden, faak yn it Ingelsk.
Yntroduksje fan it bridgespul yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam wiene twa Ingelske atleten ûnderbrocht by Thomas Zandstra en gymnastyklearaar Casper Ras, Snitsers dy’t yn Amsterdam wennen. Sy learden it bridgen fan har Ingelske gasten. Yn Snits yntrodusearren se it spul by oaren, dy’t yn it doetiidske restaurant Piso al whist spilen. It nije spul sloech oan en der ûntstie in rûnte fan entûsjaste rekreative spilers dy’t wikseljend har ûnderkommen hiene yn in oantal horekagelegenheden, Hotel te Strake, Onder de Linden en Hotel de Wijnberg, en uteraard by minsken thús. Doe’t de ambysje wat heger rikte en fjouwer spilers oan offisjele wedstriden fan de NBB meidwaan woene, die bliken dat soks allinne koe foar leden fan in offisjele bridgeferiening. Sadwaande waard op 10 novimber 1938 yn de gearkomsteseal fan kafee-restaurant Het Park ‘Bridge Club Sneek’ oprjochte. De grûnlizzers wiene de earder neamde Thomas Zandstra, fabrikant Gerbrand Lampe en hannelsagint Albert Vis. De klub begûn mei trettjin leden. Zandstra, Vis en it echtpear Croes út Ljouwert foarmen yn dy tiid in sterk tiim dat sels in kear de populêre lanlike Avro-Bridgedrive wûn, dêr’t tûzenen pearen út it hiele lân oan meidiene[10][11].
Nei Snits moat Ljouwert neamd wure as begjinpunt fan it bridge yn Fryslân. Yn de simmer fan 1935 setten dêr fjouwer lju út ein mei bridgen thús, John Barens en syn frou Tieteke Banga, Wybe Hilverda en Meindert de Jong. John en Wybe koene inoar út Eindhoven dêr’t se wurke hiene en ek bridged. John en Tieteke wiene ein 1934 troud en runden in apotekerssaak op ’e hoeke fan de Papaverstrjitte en de Goudenreinstrjitte yn Ljouwert. Wybe wie ferwaarmingstechnikus, Meindert meiwurker op Wybe syn kantoar.
Letter dat jier naam it fjouwertal it inisjatyf om mei in bridgeklub te begjinnen. De oprjochtingsgearkomst wie yn oktober 1935 yn Hotel Phoenix, Sint Jabiksstrjitte 11. De namme fan de klub waard ‘Altijd Beter Bridge’, A.B.B. Yn it begjin wiene der sa’n tweintich leden, yn 1939 al oangroeid ta fyftich. De klub fielde oan as ‘ien grutte famylje’. Hotel Phoenix wie it earste jier it plak dêr’t sawol lesjûn waard as spile. Bridgers spilen lykwols leaver as dat se tarden, dat nei in jier sei de eigner ‘Zoeken jullie maar een ander tafeltje, niets te dekken, niets te verdienen.’ Der folge in skoft fan omswalkjen by in oantal renommearre Ljouwerter etablisseminten lâns: De Klanderij, De Groene Weide, Sipke Castelein, De Doelen, it Oranjehotel. By einsluten fûn de klub in fêst ûnderkommen yn sosjeteit de Harmonie[12].
Krekt as de bridgeklub fan Snits sleat A.B.B. him yn novimber 1938 oan by de NBB om meidwaan te kinnen oan kompetysjewedstriden. It kranteberjocht dat dêr ferslach fan docht neamt noch in oare Ljouwerter bridgeklub, de N.B.S.[13][14].
Yn 1946 sleaten mear bridgeklubs har oan by it lanlik bûn, Ljouwert, Akkrum, Burgum en Harns[15]. De klub yn Ljouwert wie in fúzjeklub dy’t tenei sljochtwei ‘Bridgeclub Leeuwarden’ hjitte. De A.B.B. en de N.B.S. ferdwûnen út byld. Nei 1950 folgen noch folle mear klubs. Soms wiene der yn itselde plak mear as ien. Drachten hie yn 1997 fjouwer oansletten klubs, BC De Vier Windstreken, BC Drachten, BC Aan Slag en de Rookvrije Bridgeclub. De lêste waard oprjochte yn 1990 en bestiet noch altyd; de earste twa fusearren yn 2015 ta BC De Drachtster Kei[16]. De Snitser bridgeklub, dy’t yn Fryslân de âldste papieren hat, fusearre yn 2019 mei de klub fan Drylts ta BC Sneek/IJlst. Yn Snits bestiet ek noch in oare klub, De Bridgesociëteit Sneek, formeel fan 2004 ôf, dêrfoar wiene der net-oansletten foarrinders wêrûnder de BZN, de Bridgeclub Zonder Naam.
Dit stik giet allinne oer klubs dy’t oansletten binne by it lanlik bûn. Fierder binne der op allegear plakken ek klubs dy’t net oansletten binne.
Bridgeklubs yn Fryslân hjoeddedei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lanlik bridgebûn NBB hat Nederlân ferdield yn 24 distrikten[17]. De provinsje Fryslân mei de kop fan Oerisel en de Noardeastpolder foarmet dêr ien fan. By it distrikt Fryslân binne sa'n 3000 leden oansletten, ferdield oer 37 bridgeklubs[18][19]. De lytsere klubs hawwe sa’n 35-40 leden, de seis grutste binne, mei har ledetal:
B.C. Leeuwarden 258
B.C. Emmeloord 203
B.C. Sneek/IJlst 165
De Bridgesociëteit Sneek 165
B.C. De Capriolen (De Jouwer) 154
B.C. Bravoure en Charme (It Hearrenfean) 121
Alle ledetallen jilde per 1 febrewaris 2026.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|