Brey
| Brey | ||
| Margareta- en Hindriktsjerke. | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Mayen-Koblenz | |
| ferbânsgemeente | Rhein-Mosel | |
| Gemeente-yndieling | 2 Ortsteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.497 (31.12.2023) | |
| Oerflak | 6.46 km² | |
| Befolkingsticht. | 232 ynw./km² | |
| Hichte | 98 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56321 | |
| Koördinaten | 50° 16' N 7° 37' E | |
| Offisjele webside | ||
| brey.welterbe-mittelrheintal.de | ||
| Kaart | ||
Brey is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en makket ûnderdiel út fan 'e lânkring Mayen-Koblenz. Brey is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Rhein-Mosel.
De gemeente Brey bestiet út twa Ortsteile: Brey en Siebenborn.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plak leit oan 'e lofter kant fan 'e Ryn, in stikje súdlik fan Koblenz. Oan 'e oare kant fan 'e rivier leit Braubach en de Marksburg.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken Brey en de Jakobsbergerhof leit in Romeinsk akwadukt. De resten fan it Romeinske akwadukt waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich by tafal ûntdutsen, doe't ynwenners sochten nei in skûlplak foar de bombardeminten. By dat sykjen fûnen de ynwenners skachten fan in Romeinske wetterlieding. It argeologysk ûndersyk is oant in lingte fan 500 m útfierd. De werklike lingte bedraacht nei alle gedachten tusken 2 en 2,5 km.
De apsis fan 'e Margaretatsjerke fan Brey datearret út it midden fan 'e 14e iuw. Fierder bestiet it tsjerkegebou út in nijbou fan 1954.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
