Springe nei ynhâld

Kokosgint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brewsters gint)
Kokosgint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljegintfûgels (Sulidae)
skaaitropenginten (Sula)
soarte
Sula brewsteri
Goss, 1888
IUCN-status: net beoardiele
ferspriedingsgebiet

De Kokosgint (wittenskiplike namme: Sula brewsteri), ek wol de brewstergint of Brewsters gint neamd, is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dit bist komt foar boppe it easten fan 'e Stille Oseaan en de Golf fan Kalifornje. It is in sosjale fûgel, dy't benammen fisk yt en yn grutte koloanjes oer de grûn nêstelet. De Kokosgint waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e brune gint (Sula leucogaster) beskôge, en waard dêr pas yn 2024 fan losmakke. Dêrfandinne dat de IUCN noch gjin beoardieling fan dizze soarte hat.

De Kokosgint waard yn 1888 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch Nathaniel Stickney Goss. Dyselde basearre him dêrby op spesimina dy't ôfkomstich wiene fan it eilân San Pedro Mártir yn 'e Golf fan Kalifornje. Hy joech de fûgel de wittenskiplike namme Sula brewsteri, nei syn freon en kollega William Brewster.

Goss hie de fûgel as in selsstannige soarte beskreaun, mar yn 1944 waard de Kokosgint troch de Amerikaanske ornitolooch Alexander Wetmore yndield as in ûndersoarte fan 'e brune gint (Sula leucogaster). Yn 'e ienentweintichste iuw die lykwoks út nij ûndersyk bliken dat it dochs om in selsstannige soarte gie. Dêrom waard yn 2024 op in gearkomste fan it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (AOS) in foarstel om 'e feroaring fan Wetmore werom te draaien mei unanime stimmen oannommen.

In pearke Kokosginten.

Dêrby waard mei-iens foarsteld om as gebrûksnamme "Kokosgint" oan te nimmen, ferwizend nei it Kokoseilân fan Kosta Rika yn 'e eastlike Stille Oseaan (en net te betiizjen mei de Kokoseilannen fan Austraalje yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan). De reden om net gewoan fan 'e brewstergint of Brewsters gint te sprekken lei oan 'e cancelkultuer yn 'e Feriene Steaten, wêrby't alle nammen fan slavehâlders út 'e iepenbiere romte ferwidere wurde. Dat is net te sizzen dat Brewster in slavehâlder wie (want dat wied er net), mar yn dat ramt is it AOS begûn om alle eponimen (nammen fan fûgelsoarten dy't weromgeane op in persoansnamme) te feroarjen "út foarsoarch".

De Kokosgint is lânseigen yn it tropyske eastlike part fan 'e Stille Oseaan, mei in útrinner nei de noardlike subtropen yn 'e Golf fan Kalifornje. De fûgel libbet fan âlds foar de kusten fan Meksiko, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Panama, Kolombia en Ekwador. Hy briedt fan âlds op 'e Meksikaanske eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje, benammen San Pedro Mártir, Espíritu Santo en Isabel; en fierders op 'e Meksikaanske Marieta-eilannen, besuden de Golf fan Kalifornje; de Meksikaanske eilannen Clarión en Socorro, dy't diel útmeitsje fan 'e Revillagigedo-arsjipel, súdwestlik fan it Kalifornysk Skiereilân; op Kokoseilân en Isla del Caño yn Kosta Rika; en op it Kolombiaanske eilân Gorgona.

Frij resint is de Kokosgint úteinset mei it útwreidzjen fan syn ferspriedingsgebiet nei it noarden en westen ta. Hy wurdt no ek geregeldwei waarnommen by de westkust fan 'e Feriene Steaten lâns, alhiel oant Vancouver yn Kanada ta. Yn 2017 begûnen de earste Kokosginten te brieden op 'e Kanaaleilannen fan Kalifornje, dy't ter hichte fan 'e stêdekloft fan Los Angeles foar de kust lizze. Yn 2024 wiene der ek berjochten fan Kokosginten dy't yn 'e sintrale Stille Oseaan bretten op Wake en Palmyra yn 'e Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen en op Moku Manu, foar de noardeastkust fan Oähû yn Hawaï. It is noch ûndúdlik oft de útwreiding fan it ferspriedingsgebiet bliuwend is. It soe kinne dat dizze ûntjouwing feroarsake of mooglik makke wurdt troch klimaatferoaring.

In Kokosgint.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kokosgint is frij oan 'e grutte foar in gintfûgel. Hy hat trochinoar in totale lichemslingte fan 68–80 sm, mei in spanwiidte fan 135–155 sm en in gewicht fan 1,0–1,2 kg. De snaffel is lang en puntich en bûcht oan 'e útein justjes omleech. De rânen binne skerp en kartele. De kleur fan 'e snaffel is by mantsjes griis en by wyfkes mear rôzich. Krekt as by alle gintfûgels sitte ek by de Kokosgint de noasters oan 'e binnenkant fan 'e snaffel, sadat der by it dûken gjin seewetter yn nei binnen kringe kin. De poaten binne oergrut yn ferhâlding ta it lichem en hawwe swimfluezzen tusken de teannen. Se binne griis fan kleur en datselde jildt foar de rânen om 'e eagen hinne. It fearrekleed is op 'e hals, rêch, wjukken en sturt brún en op it boarst en de bealch wyt.

In Kokosgint swimmend nei it dûken.

Al mei al liket de Kokosgint gâns op 'e nau besibbe brune gint (Sula leucogaster), hoewol't de snaffel en poaten fan dy fûgel faak (ôfhinklik fan 'e ûndersoarte) gieler binne as dy fan 'e Kokosgint. Mar it skaaimerk dêr't men in Kokosgint fuortendaliks oan ûnderskiede kin, is wite kleur yn syn gesicht, dy't fariëarret nei geslacht en ûndersoarte. Wyfkes fan alle trije ûndersoarten hawwe in wyt plak op 'e foarholle, en datselde jildt foar mantsjes fan 'e ûndersoarte S. b. etesiaca. Mantsjes fan 'e nominaat (S. b. brewsteri) hawwe in wyt gesicht en in ljochtbrune kiel, wylst mantsjes fan 'e ûndersoarte S. b. nesiotes it measte wyt hawwe: in wyt gesicht en in wite kiel.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kokosgint jaget troch op 'e wjuk in iezing fan net al te grutte fisken op te spoaren dy't net al te fier ûnder it wetteroerflak fan 'e see swimt. Hat er sa'n iezing fûn, dan dûkt er rjocht út 'e loft wei, soms fan grutte hichte ôf, de see yn, wêrby't er de wjukken tebek teart en sa in ekstreem streamline lichemsfoarm oannimt. As er net daliks in fisk te pakken hat, kin in Kokosgint der ûnder wetter efteroan gean, wêrby't er swimt troch sawol syn wjukken as syn mei swimfluezzen tariste poaten te brûken.

Krekt as oare gintfûgels is ek de Kokosgint in sosjale fûgel, dy't briedt yn massale koloanjes. Dy lizze almeast op ôfhandige en foar rôfdieren dreech te berikken eilannen. Kokosginten binne monogame fûgels dy't faak ferskate briedseizoenen byinoar bliuwe. De partners slane net it hiele jier byinoar om, mar sykje inoar oan it begjin fan it folgjende briedseizoen wer op. As se inoar weromfine, wurde der earst komplekse begroetingsrituelen ôfwurke.

In Kokosgint mei in pyk.

Nei de pearing leit it wyfke 1–2 aaien, mar almeast 2. De briedtiid duorret 42–45 dagen. It brieden wurdt ôfwikseljend troch beide âlden dien. De pyk (ornaris wurdt der mar ien grutbrocht) wurdt troch beide âlden fuorre mei heal fertarde fisk dy't op see fongen is en by weromkear op it nêst yn 'e snaffel fan 'e pyk opkoarre wurdt. Mei likernôch 90 dagen fljocht de pyk út. De Kokosgint is mei 1–2 jier geslachtsryp en hat in libbensferwachting fan nei skatting 15–20 jier.

Op it eilân Wake, yn 'e sintrale Stille Oseaan, waard waarnommen dat in stikmannich Kokosginten dy't dêr middenmank in koloanje fan brune ginten bretten, konsekwint pearen mei inoar ynstee fan mei brune ginten. Oare waarnimmings wize derop dat in inkele froulike Kokosgint dy't yn in briedkoloanje fan 'e brune gint bedarret, hielendal net pearet. Der binne inkele gefallen fan súksesfolle krusings tusken de Kokosgint en de brune gint bekend, mar eltse kear gie it om in manlike Kokosgint yn in sitewaasje dêr't hielendal gjin froulike Kokosginten oanwêzich wiene. Dat barde fan 2012 oant 2014 op Nakanokamishima yn 'e Rjûkjû-eilannen fan Japan en yn 2020 op it Amerikaanske atol Midway, noardwestlik fan Hawaï.

In Kokosgint op 'e wjuk.

De Kokosgint is sa'n nije soarte dat er noch net troch de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) beoardiele is. Mar it liket derop dat dizze fûgel yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en dat de populaasje stabyl is.

Der binne (anno 2025) 2 of 3 erkende ûndersoarten fan 'e Kokosgint (Sula brewsteri), ôfhinklik fan hokker ornitologyske autoriteit men folget:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.