Bremm
| Bremm | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Cochem-Zell | |
| ferbânsgemeente | Cochem | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 690 (2024)[1] | |
| Oerflak | 9,14 km² | |
| Hichte | 100 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56814 | |
| Koördinaten | 50°6'N 7°7'E | |
| Offisjele webside | ||
| www.bremm.info | ||
| Kaart | ||
Bremm is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak falt ûnder de ferbânsgemeente Cochem.
It plak leit oan it wynbougebiet Calmont, dat mei 378 m hichte en een helling fan likernôch 65 graden ien fan 'e steilste wynbougebieten fan Europa is. De Calmont leit oan 'e Mûzel fan Ediger-Eller oant Bremm. It totale wynbougebiet op it doarpsgebiet fan Bremm is likernôch 100 hektare grut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bremm waard al yn 'e Keltyske en Romeinske tiid bewenne. De âldste fermelding fan it plak datearret fan 1051, doe't Richeza, in pakesizzer fan keizer Otto IIit kleaster Brauweiler grûn yn "Brembe" skonk. Yn 1097 stie der foar it earst in tsjerke yn Bremm. De hjoeddeiske tsjerke yn Bremm ûntstie tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw en waard yn 1895 ferboud en fergrutte. Lykas de âldere tsjerken fan Bremm is ek de tsjerke fan no oan 'e hillige Laurentius wijd.

De grutste lânbesitter fan Bremm wie oant 1802 it Augustynske kleaster Springiersbach mei it frouljusstift Kleaster Stuben. Dêr waard eartiids de ferneamde Limburger Stauroteek bewarre, in samling wichtige reliken yn in kostber Byzantynsk relikwarium. Al yn 1794 besetten de Frânsen it plak en sûnt 1814 hearde it doarp ta de mairie Eller yn it kanton Cochem. Yn 1815 waard Bremm Prusysk en sûnt 1946 leit Bremm yn 'e doe stifte dielsteat Rynlân-Palts.
Bremm krige yn 2002 mei de wedstriid '" Unser Dorf hat Zukunft" (Us doarp hat takomst) de titel "Schönstes Dorf von Rheinland-Pfalz" (moaiste doarp fan Rynlân-Palts).
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 'e Sint-Laurentiustsjerke stiet in barok alter.
- Fan it earders Kleaster Stuben is hjoed-de-dei allinnich in skildereftige ruïne oerbleaun.
- Bremm telt meardere fakwurkhûzen, lykas it mei fykwurk fersierde Storchenhaus-Fachwerkhaus
- De "Calmont Klettersteig" troch de Bremmer Calmont lûkt alle jierren in soad toeristen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise op dizze side.
|
