Springe nei ynhâld

Breedspoar

Ut Wikipedy
In stikje breedspoar kombinearre mei normaalspoar yn it Spoarweimuseum yn Utert

Breedspoor is in spoarline mei in spoarwiidte grutter as 1435 milimeter (normaalspoar). Breedspoor hat as foardiel dat it spoar stabiler is en dat de treinen rêstiger ride, benammen by hegere faasjes. Boppedat kinne de treinen breder wêze. De neidielen binne de hegere boukosten en de gruttere minimumbôgestrielen. De foardielen fan breedspoar weagje net op tsjin de foardielen fan normaalspoar. Der is lykwols in oantal netwurken dêr't de kar foar breedspoar histoarysk ûntstien is en nea wer feroare is.

Tapssingen fan breedspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de grutte promotors fan breedspoar wie de Ingelske fisionêre yngenieur Isambard Kingdom Brunel. Hy seach de enoarme skaalfergrutting dy't de yndustriële revolúsje mei him meinimme soe. Hy boude ûnder mear tige grutte skippen. Breedspoor paste ek yn syn fyzje fan skaalfergrutting en ûnder syn ynfloed waard de Great Western Railway mei breedspoar fan 2140 mm oanlein. Lykwols, de oanlis fan it Ingelske spoarnetwurk op normaalspoar wie al sa fier fuortdien dat de standert set wie, en fan 1864 ôf waarden alle breedspoarwegen ferboud nei normaalspoar. De Great Western Railway waard op 21 maaie 1892 as lêste ferboud nei normaalspoar.

Yn Ierlân ride de treinen op 1600 mm.

De earste spoarlinen yn Nederlân binne, ynspirearre troch Brunel en binne Great Western Railway, ek op breedspoar (1945 mm) oanlein. Der waard tocht om dêrmei de meast avansearre technology te beskikken. De spoarlinen fan Amsterdam nei Rotterdam fia Haarlim, Leien en De Haach (Alde line) en fan Amsterdam oer Utert nei Arnhim (Rhijnspoarwei) waarden tusken 1839 en 1847 yn breedspoar oanlein. Doe't de Nederlânske spoarwegen de Dútske grins berikten, wie it nedich om de besteande spoarlinen nei normaalspoar te ferbouwen om trochgeand treinferkear fan Nederlân nei Dútslân mooglik te meitsjen. Yn de perioade oant 1866 waard it oanwêzige breedspoar ferboud ta normaalspoar.

Russysk breedspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Russysk Ryk waard om strategyske redenen keazen foar breedspoar. Der waard keazen foar 1524 mm (5 Ingelske foet). It ferskil fan 89 mm mei Europeesk normaalspoar bliek mear in ekonomysk en technysk neidiel en amper in effektive ferdigeningsmaatregel. Nei de Dútske ynvaazje fan 1941 bouden de Dútsers de spoaren om ta normaalspoar, wêrtroch't se harren legers dochs befoarriede koene. Doe't de kânsen kearden, diene de Russen it omkearde: de spoarlinen dy't se op 'e nij weromferoare waarden nei breedspoar.

Letter binne de Russen fan 1524 milimeter oerstapt op 1520 milimeter, in ferskil fan 4 milimeter dat gjin problemen opsmyt. Yn Finlân (dat oant 1918 beset waard troch Ruslân) wurdt noch 1524 milimeter brûkt. Yn de Russyske stêd Sint-Petersburch bestiet it folsleine tramnetwurk út breedspoar.

Ut Oekraïne wei waard yn de Sovjettiid in breedspoarline oant fier yn Poalen oanlein, nammentlik ta Ciederle, yn de buert fan Katowice. Sa ’n line bestiet ek tusken Slowakije en Slowakije. Ek nei Hongarije is in breedspoarline oanlein. Op dizze linen ride allinnich frachttreinen. It breedspoar wurdt yn Oekraïne ûnderwilens in strategysk en ekonomysk neidiel fûn, ferbiningen mei West-Europa binne te dreech en mei Ruslân te maklik. Dêrom binne der plannen om normaalspoar oan te lizzen yn Oekraïne.

De spoarwegen yn de Baltyske steaten binne yn deselde tiid ek oanlein mei Russysk breedspoar. Om de lannen oan te sluten op it Europeeske normaalspoarnet wurdt in nije Noard-Súd spoarferbining oanlein dy't de trije lannen ferbynt mei Poalen: de Rail Baltica.

Ibearysk breedspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spanje keas foar in spoarwiidte fan 6 Kastiliaanske foet ofwol 2 Spaanske fara (1672 mm). By dy kar spile it bercheftige Spaanske lânskip mei, dêr't breedspoar krêftiger lokomotiven mooglik yn makke. Portegal keas foar in spoarwiidte fan 1665 milimeter, wat gelyk is oan 5 Portugeeske foet. Yn 1952 besleaten Spanje en Portugal om tegearre oer te stappen op in spoarwiidte fan 1668 mm, oantsjut as it Ibearysk breedspoar.

Yndiaask breedspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Yndia brûkt men suver deselde spoarbreedte (1676 mm), mar dat hat histoarysk neat mei de Ibearyske spoarwiidten te krijen. It Yndiaaske breedspoar is nammentlik troch de Britten yntrodusearre en is krekt 5 Ingelske foet en 6 inch.

Ferskate ôfmjittingen yn breedspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
mm
Foet, inch
Namme Beskriuwing
1445 Tapast by Tramnetwurken yn Milaan, Turyn en Rome en it Metronetwurk fan Madrid.
1450 Tapast by it Tramnetwurk yn Dresden
1458 Tapast by it Tramnetwurk yn Leipzig
1461 De oarspronklike spoarwiidte yn Noarwegen
14734’ 10” Ohiospoar Oarspronklike spoarwiidte yn St. Louis de Feriene Steaten
1485 De oarspronklike spoarwiidte yn Sweden
1495 Tapast by it Metro- en tramnetwurk yn Toronto yn Kanada
1520 Russysk breedspoar Tapast by de spoarwegen yn Ruslân, de eardere Sovjet-Uny en Mongoolje
15245’ Tapast by de spoarwegen yn Finland, de metro fan Helsinki en it tramnetwurk in Louisville yn de Feriene Steaten.
1524 milimeter is de oarspronklike spoarwiidte yn Ruslân en de eardere Sovjet-Uny.
1581 Tapast by de tramnetwurken yn Philadelphia en Baltimore yn de Feriene Steaten.
1588 Tapast by de tramnetwurken yn Pittsburgh, New Orleans en Cincinnati yn de Feriene Steaten.
16005’ 3” de oarspronklike spoarwiidte fan de Rheintalbahn yn Duitslân, en tapast yn it súdeasten fan Brazylje en in tal dielsteaten yn Austraalje.
1638 Tapast by it eardere tramnetwurk fan Baltimore yn de Feriene Steaten
1664 De oarspronklike spoarwiidte yn Portegal
1668 Ibearysk breedspoar Tapast by de Spoarwegen yn Portegal en Spanje,
1672 De oarspronklike spoarwiidte yn Spanje. Tapast by Line 1 fan de metro yn Barcelona.
16765’ 6” Yndiaask breedspoar Tapast by de Spoarwegen yn Argentynje, Bangladesj, Sily, Yndia, Pakistan en Sry Lanka.
1945 Tapast by de Alde Line en de Rhijnspoarwei yn Nederlân tusken 1839 en 1866.
21407’ en ¼” Brenelysk breedspoarTapast by de spoarwegen fan de Great Western Railway yn it Feriene Keninkryk tusken [[1838] en 1890
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL