Breedsnaffeltody
| Breedsnaffeltody | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todus subulatus | ||||||||||||
| G.R. Gray, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De breedsnaffeltody (Todus subulatus) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten yn it skaai Todus yn 'e monotypyske famylje Todidae.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei in lingte fan 11,5 sm en in gewicht fan 7,5 gram is de breedsnaffeltody de grutste tody yn it skaai. It is in lyts, rûnboud fûgeltsje mei in koarte sturt. Op 'e kop, rêch en wjukken hat er heldergriene kleuren. It boarst is wyt mei giel en in heldergiele ûnderkant. Dernjonken hat er in opfallende reade kiel, ljochtrôze flanken en donkere irissen. De breedsnaffeltody hat de breedste snavel fan 'e todys mei in breedte fan 0,6 sintimeter en in lingte fan 2,1 sintimeter. It boppeste diel fan 'e snaffel is swart, wylst it ûnderste diel folslein read is. De breedsnaffeltody hat koarte rûne fearren, dy't net streamline binne om hiel goed te fleanen.
De breedsnaffeltody kin betize wurde mei de smelsnaffeltody, dy't ek op Hispanjoala foarkomt. De smelsnaffeltody hat folle ljochtere eagen en gjin bleekgiele ûnderkant. Dêrnjonken hat de breedsnaffeltody in folslein reade ûndersnaffel, wylt dy fan 'e smelsnaffeltody in swart ein hat.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De breedsnaffeltody is endemysk foar it eilân Hispanjoala, dat ferdield is tusken de Dominikaanske Republyk en Haïty. De soarte dielt it eilân mei de smelsnaffeltody, alhoewol't de twa soarten geografysk fan inoar skieden binne op in grut part fan it eilân, útsein spesifike dinnebosken en mangroves, dêr't de twa soarten tagelyk waarnommen wurde kinne. De breedsnaffeltody libbet benammen yn 'e legere dielen, fariearjend fan seenivo oant 1700 meter en komt faker foar yn 'e Dominikaanske Republyk as yn Haïty. Hy hat in foarkar foar drûge habitats mei leechlânstrûken en habitats mei in oerfloed oan kaktussen en agaves en skaadrike kofjeplantaazjes en dinnebosken. Nettsjinsteande dat it in tropyske fûgel is, wurdt er selden sjoen yn tichte reinwâlden en hâldt er net fan wiete omstannichheden. De breedsnaffeltody is gjin trekfûgel en folslein sedentêr.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breedsnaveltodies binne ynsekte-iters en hawwe it hiele jier troch in grutte hoemannichte ynsekten nedich, mei in dieet dat bestiet út sawat fyftich ynsektefamyljes, wêrby't de meast proaien imerkes, krobben, kevers, flinters, miggen en kakkerlakken binne. De breedsnaveltody yt ek fan spesifike fruchten.

Foar it bouwen fan in nêst graaft in pearke in tunnel fan wol 60 sm djip mei oan 'e ein in keamerke foar it nêst. De bou begjint yn septimber en kin oant july duorje. It briedseizoen begjint tusken april oant july en it mantsje begjint dan it wyfke it hôf te meitsjen mei ferskillende techniken. It wyfke leit ien oant fjouwer aaikes, dy't troch it mantsje en it wyfke yn twa oant trije wiken útbret wurde. Wat it fuorjen fan 'e jongen oanbelanget is de breedsnavelfûgel ekstreem warber. In stúdzje registrearre wol 420 kear fuorjen mei yn 't nêst trije jongen, wat heger is as eltse oare fûgel dy't ynsekten yt. Sadree't de aaien út binne, bliuwe de jongen noch twa oant trije wiken yn it nêst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Reade list fan ' e IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De soarte hat op Hispanjoala in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebek rinne. Troch minsklike feroaringen lykas it oanlizzen fan sleatten of paden ha fûgels mear nêstgelegenheid en ek de kofjeplantaajzes ûnder oerkapings biede foar de breedsnaffeltody in goede plak om bygelyks te sykjen nei ynsekten. Sûnt lykwols kofjeplantaazjes oergean op oare produksjemetoades fuort ûnder de sinne yn kombinaasje mei it brûken fan bestridingsmiddels ferdwynt in diel fan dat keunstmjittige habitat. Ek ûntbosking leveret in bydrage yn 'e tebekgong.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

