Springe nei ynhâld

Breedsnaffelrôlders

Ut Wikipedy
Breedsnaffelrôlders
Dollarrôlder
Dollarrôlder
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje:rôlderfûgels (Coraciidae)
skaaibreedsnaffelrôlders (Eurystomus)
Linnaeus, 1766

Breedsnaffelrôlders (Eurystomus) binne middelgrutte fûgels út 'e famylje fan 'e rôlderfûgels (Coraciidae).

Se ûnderskiede har fan 'e rôlders troch de relatyf brede en platte snaffel, dy't by de basis dúdlik breder is as heech. Se ha ek langere wjukken en koarte poaten as de gewoane rôlders. Dy morfologyske ferskillen wurde wjerspegele yn 'e foeraazjetechniken. De gewoane rôlders jeie fan in fêst sitplak en fange de proai op 'e grûn troch del te dûken. De breedsnaffelrôlders binne rapper en liniger en snippe de proai fleanend. De balts is ek net rôljend lykas de soarten yn it skaai fan 'e gewoane rôlders.

Oer it generaal jeie de fûgels yn it skaai op iepen lân. Se komme foar yn bosk, savanne's en agraryske gebieten. De azuerrôlder en de gielsnaffelrôlder wurde assosjearre mei reinwâlden, mar hawwe dochs iepen gebieten nedich om te foerazjearjen.

Twa soarten binne beheind ta Afrika, wêrfan ien, de gielsnaffelrôlder, in trekfûgel is. De dollarrôlder hat in grutte fersprieding fan Yndia oant Japan en Austraalje en hy trekt bûten de briedtiid ek oer de noardlike en súdlike úteinen fan syn ferspriedingsgebiet. De lêste soarte, de azuerrôlder, is endemysk foar de Molukken yn Yndoneezje.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/
Trend
blaukielrôlderEurystomus gularisWest- en Sintraal-Afrika fan Senegal en Sierra Leöane nei it easten oant Uganda en westlik Kenia.net bedrige
[1]
gielsnaffelrôlderEurystomus glaucurusAfrika ûnder de Sahara fan súdlik Mauretaanje en Etioopje oant Súd-Afrika.net bedrige
[2]
readsnaffelrôlderEurystomus orientalisFan Súd-Aazje en Súdeast-Aazje oant Noard- en East-Austraalje en de Salomonseilannennet bedrige
ûnbekend[3]
azuerrôlderEurystomus azureusMolukken (Yndoneezje)hast bedrige
[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: