Springe nei ynhâld

Breedbekgril

Ut Wikipedy
Breedbekgril
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris falcinellus
(Pontoppidan, 1763)
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

1. Briedgebiet Limicola falcinellus falcinellus
2. Briedgebiet Limicola falcinellus sibirica
3. Wintergebieten

De breedbekgril (Calidris falcinellus, synonym: Limicola falcinellus) heart ta de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

De breedbekgril waard yn 1763 foar it earst as soarte beskreaun troch Erik Pontoppidan as Scolopax Falcinellus. Foarhinne waard de fûgel allinnich yn it eigen skaai Limicola set. Ut resinte stúdzjes die lykwols bliken dat syn neiste sibben de hoants (Philomachus pugnax) en de Sibearyske gril (Calidris acuminata) binne. Dy foarmje in klade yn it skaai Calidris, en dêrom binne sawol de breedbekgril as de hoants dêrhinne ferpleatst.

De 17 oant 18 sm lange breedbekgril is lytser as de bûnte gril (Calidris alpina), mar grutter as de lytse gril (Calidris minuta). De soarte hat opfallend koarte poaten en in lange snaffel mei in swarte basis en in knik yn 'e punt. De boppekant is donker mei ljochte streken. De ûnderkant is wyt. Nei de winter ta wurdt de soarte grizer fan kleur.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De breedbekgril komt foar op begroeid waadgebiet, lân dat ûnder wetter stien hat en yn sompen, mar minder oan 'e kust. It briedgebiet leit yn Noard-Jeropa en yn Sibearje yn wiete feanen en sompen. It oerwinteringsgebiet fan 'e Jeropeeske populaasje leit yn it Middellânske Seegebiet, wylst de Sibearyske populaasje yn Súdeast-Aazje de winter trochbringt.

De soarte telt 2 ûndersoarten:

  • C. f. falcinellus: briedt yn noardlik Skandinaavje en Jeropeesk Ruslân.
  • C. f. sibirica: briedt yn it noardeasten fan Sibearje.

Yn Nederlân is de breedbekgril as er trekt in ûnregelmjittige gast yn tige lytse oantallen.

De breedbekgril briedt yn 'e fochtichste dielen fan feangebieten en iepen sompen. Yn Skandinaavje en noardwestlik Ruslân briedt er yn leechlizzende gebieten en heuveleftige kriten oant boppe de 200 meter hichte, yn Noarwegen om de 1000 meter hinne, wylst er yn Sibearje briedt op fochtige dielen fan 'e Arktyske tûndra.

Aai.

It brieden begjint mei de pearingsdûns, dy't bestiet út in baltsflecht en baltslûden fan it mantsje. It nêst is in ûndjip gat yn 'e grûn, dêr't trije oant fjouwer aaien yn lein wurde. Beide âlders briede de aaien út, dy't nei likernôch trije wiken útkomme.

De breedbekgril siket iten op dridzige stripen lân by wetter en op wiet lân. Hy pikt it iten mei de snaffel op en lokalisearret syn proaikes op it each. It iten bestiet foar it grutste part út ynsekten en lytse wringeleazen. Op 'e trek foarmet de fûgel faak groepen mei oare steltrinners, benammen mei de bûnte gril.

De breedbekgril hat in grut ferspriedingsgebiet en de grutte fan 'e populaasje waard yn 2023 rûsd op 96.000 oant 136.000 yndividuen. Sûnt 2020 docht út ferskate publikaasjes bliken dat de populaasjes mei mear as 30% efterút gien binne yn 'e lêste trije generaasjes (13 jier). De oarsaken fan 'e delgong binne net goed bekend, mar it drûchlizzen fan feangebieten foar boskbou yn 'e briedgebieten is in mooglike oarsaak. Populaasjegegevens út Sweden, Noarwegen en Finlân fertoane sûnt de jierren 2000 in grutte delgong, mei oanwizingen dat de populaasjes mooglik mei 50% ôfnommen binne. Boppedat binne der de negative effekten fan lânwinning, jacht en fersteuring troch fiskerijaktiviteiten yn 'e Aziatyske trek- en oerwinteringsgebieten. Dêrfandinne stiet de breedbekgril sûnt 2024 as kwetsber (Vulnerable) op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: