Springe nei ynhâld

Breda (gemeente)

Ut Wikipedy
Breda
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Breda
Oerflak 128,68 km²[1]
  •  dêrfan lân 125,74 km²
  •  dêrfan wetter 2,94 km²
Ynwennertal 188.282 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 811 ynw./km²
Ferkearsier(en) /
/
/
Netnûmer(s) 076, 0161
Postkoade(s) 4800-4841, 4847, 4850-4854
www.breda.nl

Breda is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 188.282 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 128,68 km² (wêrfan 2,94 km² wetter). It haadplak is de stêd Breda.

Breda.

De gemeente bestiet út de folgjende plakken:

Breda is de njoggende grutste gemeente fan Nederlân wat ynwennertal oanbelanget. De hiele agglomeraasje fan Breda hat sawat 272.000 ynwenners.

As bestjoerlike ienheid waard Breda yn 'e moderne foarm oprjochte ûnder it Napoleontyske bewâld. Yn dat jier waard de gemeentlike yndieling yn Nederlân reorganisearre troch de ynfiering fan de Frânske gemeentewet, dy't stêden en doarpen formeel as "gemeenten" organisearre.

Oarspronklik bestie de gemeente allinne út de stêd yn 'e bolwurken en it oerflak wie mar 30 ha. Mei it sljochtsjen fan 'e fêstingwurken yn 1869 feroare der ynearsten neat, alhoewol't Breda wol útwreidzje woe. It duorre noch oant 1927 doe't in diel fan 'e doetiidske gemeente Teteringen troch Breda anneksearre waard om dêr hûzen te bouwen. Yn dy tiid waard ek in diel fan Princenhage by Breda yndield.

De gemeente waard yn 1942 útwreide mei in part fan it grûngebiet fan 'e gemeente Ginneken en Bavel en it súdlike diel fan Princenhage. De oerbleaune dielen fan dy twa gemeenten waarden by de gemeenten Nieuw-Ginneken en Prinsenbeek yndield.

Yn 1940 hie Breda mear as 50.000 ynwenners. Tsjin 'e midden fan 'e jierren 1950 wie it oantal ferdûbele.

Yn 1997 fûn in nije anneksaasje plak, wêrby't de gemeenten Nieuw-Ginneken, Prinsenbeek en de gemeente Teteringen by Breda kamen.

Breda is de njoggende grutste gemeente fan Nederlân wat ynwennertal oanbelanget. De hiele agglomeraasje fan Breda hat sawat 272.000 ynwenners.

It besjen wurdich (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Grutte of Us-Leaffroutsjerke fan Breda is it wichtichste monumint fan de Noard-Brabânske stêd Breda. De tsjerke hat in nasjonale betsjutting troch de Prinsekapel, dy't in mausoleum is fan 'e foarfaars fan 'e keninklike famylje, it skaai fan Nassau-Dillenburg.
  • It stedhûs oan 'e Grutte Merk stamt út de 14e iuw en hat troch de iuwen hinne ferskate ferbouwings ûndergien. Nei de grutte brân fan 1534 waard it útwreide. Yn 'e 18e iuw krige it in nije gevel mei it byld fan Frouwe Justitia. It stedhûs wurdt noch jimmeroan foar offisjele gelegenheden brûkt.
Kastiel fan Breda.
  • It kastiel fan Breda wie eartiids de residinsje fan de Nassaus en is no de lokaasje fan 'e Keninklike Militêre Akademy. It kastiel hat in lange skiednis en spile in wichtige rol yn 'e ûntwikkeling fan Breda as stêd. It is net frij tagonklik foar it publyk.
  • Yn it sintrum fan 'e stêd stiet it Begynhôf, in kompleks fan 29 hûskes, in tsjerke en in krûdhôf.
  • Yn it Park Valkenberg stiet it neogoatyske Baronymonumint, dat yn 1904 troch Pierre Cuypers ûntwurpen is. It monumint waard oprjocht ta neitins oan it 500-jierrich jubileum fan it houlik tusken Engelbrecht I fan Nassau en Jehanne fan Polanen, wêrmei't de Barony fan Breda yn hannen kaam fan de Nassaus.
  • Súdlik fan Breda leit it kastiel Bouvigne. It kastiel waard yn de 15e iuw boud en hat troch de iuwen hinne ferskate funksjes hân. Hjoed-de-dei is it eigendom fan it Wetterskip Brabânske Delta.
  • De Koepelfinzenis waard yn 'e jierren 1882-1886 boud neffens in ûntwerp fan Johan Frederik Metzelaar. De finzenis waard bekend mei't dêr nei de Twadde Wrâldkriich de saneamde Fjouwer fan Breda fêstsieten. Sûnt 2001 is it in ryksmonumint.
Poalsk earefjild.

It Mastbos súd fan Breda is ien fan 'e âldste oanleine kultuerbosken fan Nederlân. It is dêr yn 'e regel drok en it wurdt beheard troch Steatsboskbehear. De namme ferwiist nei de dinnebeammen (Pinus sylvestris), dy't dêr plante binne en brûkt waarden foar mêsten fan skippen.[2]

It Markdal is in grien gebiet oan 'e rivier de Mark, súdlik fan Breda. Troch it krewearjen fan Natuermonuminten hat it rivierke syn bochtige rin werom krige. [3]

Yn it bûtengebiet fan Teteringen leit de Lage Vuchtpolder, dêr't greidefûgels lykas de ljip en de skries libje.

It Ulvenhoutske Bosk is in gebiet fan Steatsboskbehear. Troch de rekreaasjedruk hat it bosk in soad fan syn natuerlike wearde ferlern.[4]

De Teteringske Heide leit eastlik fan Teteringen en is 95 ha grut. It bestiet út heide, stosân en bosk dat fral út dinnebeammen en iken bestiet. Eartiids wie it in militêr oefenterrein en it wurdt dêrfandinne ek wol Cadettenkamp neamd.

Súdwestlik fan Breda leit de Strijbeekske Heide, in gebiet mei ferskate dobben. [5]

Noardlik fan Breda leit it 84 ha grutte Haagse Beemdenbos. It grinzget oan it rivierke de Mark en it doarp Terheijden en it leit yn 'e Fjirde Berchboezem. It is in leafbosk dat yn 'e jierren 1990 oanplante is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje