Brazyljaanske tangare
| Brazyljaanske tangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ramphocelus bresilius | ||||||||||||
| Linneaus, 1766 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Brazyljaanske tangare (Ramphocelus bresilius) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat folle minder).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De likernôch 18 sm lange soarte is in frij grutte tangare mei in tsjokke snaffel. It mantsje hat in karmynread bealchje mei swarte wjukken en in swarte sturt. De ûndersnaffel is blaugriis. It wyfke boppe is foar in grut part brún en fan ûnder fealoranje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte bestiet út twa ûndersoarten:
- R. b. bresilia: eastlik Brazilië.
- R. b. dorsalis: súdeasten fan Brazylje.
De soarte libbet oan boskrânen en iepen gebieten oant yn stedsparken en tunen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels ite fruchten en ynsekten en libje allinnich yn 'e briedtiid yn pearkes. In lechsel bestiet út twa aaikes, dy't yn 12 oant 14 dagen allinnich troch it wyfke útbret wurde. Nei likernôch 15 moannen binne jonge fûgels geslachtsryp. Yn 'e Brazyljaanske dielsteat Minas Gerais oerlapet syn ferspriedingsgebiet mei dy fan 'e besibbe sulverbektangare (Ramphocelus carbo) Beide soarten foarmje dêr krusings.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (LC).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
