Brassband UDI Easternijtsjerk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Brassband UDI Easternijtsjerk is in muzykferiening út Easternijtsjerk. De grifformearde feriening is oprjochte op 11 febrewaris yn 1911 as fanfare Uitspanning door Inspanning. By de oprjochtinng bestie doe al in herfoarme korps Ús Nocht, oprjochte yn 1909 (12 leden). By dizze feriening spilen trije grifformearden, dy fûnen dat se net serieus nomd waarden omdat se net yn it bestjoer mochten en rjochten doe UDI op. Us Nocht waard yn 1914 opheft. Nei de offisjele oprjochting fan UDI waard yn it doarp 300 gûne oprûn foar ynstruminten.

Yn 2001 is UDI omskeakele nei brassband. Op konkoersen en kampioenskippen komt UDI út yn de fjirde difyzje, ek op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen (NBK). Yn 2005 waard op dit kampioenskip in 4e plak helle en yn 2006 in fertsjinstlike twadde plak.

Yn 2010 wie de dirigint fan UDI Daan Hoekstra. By gelegenheid fan it 100-jierrich bestean yn 2011 waard in jubileumboekje (("Hark ris, wat kinne dy mannen spylje!"), makke troch Reinder Tolsma. De hjoeddeiske dirigint fan U.D.I. is Gijs Heusinkveld.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]