Springe nei ynhâld

Bram Biesterveld

Ut Wikipedy
Bram Biesterveld
akteur
Bram Biesterveld yn 1974
Bram Biesterveld yn 1974
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 novimber 1938
stoarn 23 maart 2025 (86 jier)
jierren aktyf 1963-2022
offisjele webside
Hiemside
IMDb-profyl

Abraham Julius (Bram) Biesterveld (Amsterdam, 16 novimber 1938Haarlim, 23 maart 2025[1]) wie in Nederlânske akteur.

Biesterveld folge yn syn jeugd in oplieding ta masinebankwurker. Dêrnei wurke er by de KLM en in technysk buro. Oanslutend folge er in oplieding oan de Kleinkunstacademie, dy't er lykwols al betiid beëinigje moast om't er de oplieding net betelje koe. Yn 1966 waard Biesterveld wol oannommen yn de Snip en Snaprevu. Nei dizze baan folgen ferskate oare toanielputsjes, wêrûnder it Amsterdamsk Folkstoaniel. Begjin santiger jierren gie er as oanjouwer fan Joop Doderer mei op toernee. Fierder wurke er mei oan foarstellingen fan it Sparteäter, reklames en minimusicals. Biesterveld bruts earst echt troch mei syn rol as Pommetje Horlepiep yn de searje mei deselde namme. Hy begûn syn eigen berneteäter en reizge mei Pommetje in het nauw en Bakkertje Deeg it hiele lân troch. Biesterveld skreau ek syn eigen onemanshow. Daat waard lykwols gjin sukses trochdat minsken 'Pommetje' ferwachten. Doe't de searje Pommetje Horlepiep yn 1979 ophold, spile er dêrnei benammen byrollen yn telefyzjesearjes lykas Oppassen!!! en Westenwind.

De lêste jierren fan syn libben wenne er yn in fersoargingshûs yn Haarlem, dêr't er yn 2025 yn de âlden fan 86 jier ferstoar.

  • Zwervers (2022) - notaris Veldman
  • Westenwind (telefyzjesearje) - Bert 't Groenloo (2002-2003)
  • Monsters en co. (2001) - stim Paddie
  • Oppassen!!! - gastrol ôfl. 298 "Spoken zien"
  • De orde der dingen (koarte film, 1996) - learaar
  • Aladdin en de Dievenkoning (animaasjefilm, 1996) - stim Iago
  • Filmpje! - gast yn restaurant (1995)
  • KOEKOEK! (koarte film, 1995) - Otto
  • De Wraak van Jafar (animaasjefilm, 1994) - stim Iago
  • Aladdin (animaasjerige) - stim Iago (1994-1995)
  • Aladdin (1992) (animaasjefilm, 1993) - stem Iago
  • Zeg 'ns Aaa (telefyzjesearje) - Jan Bakker (1988)
  • Auf Achse (telefyzjesearje) - plysje Verstappen (1986)
  • Een scheve schaats (telefyzjefilm, 1983) - Arnold Pijper
  • De Fabriek (telefyzjesearje, 1981) - arbeider
  • Pommetje Horlepiep (telefyzjesearje) - Pommetje Horlepiep (1976-1979)
  • Cyrano de Bergerac (telefyzjefilm, 1975)
  • Heb medelij, Jet! (telefyzjefilm, 1975) - konducteur
  • De Kijkdoos (telefyzjesearje) - Boekenbram (1974-1977)
  • Het meisje met de blauwe hoed (telefyzjesearje) - Swaneveld (1972)
  • Sjakie en de chocoladefabriek (1971) - stim heit fan Veruca Salt
  • Zeemansvrouwen (televisiefilm, 1968) - Nelis


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: