Brahmaputra
| Brahmaputra | ||
| De Yarlung Tsangpo yn Tibet | ||
| geografy | ||
| lân | Sina (Tibet), Yndia, Bangladesh | |
| ûntspringt yn | Chamayungdung gletsjer (trad.); Angsi-gletsjer (Himalaya) | |
| mûnet út yn | Ganges; streamt fierder as de Meghna | |
| lokaasje mûning | Golf fan Bingalen, Bangladesj | |
| plakken | Guwahati, Mymensingh | |
| sydstreamen | Lohit, Dibang, Lhasa, Padma | |
| fertakkings | Jamuna, Meghna | |
| sifers | ||
| lingte | ± 3.100 km | |
| hichte boarne | 5.210 m | |
| hichte mûning | 0 m | |
| ferfal | 5.210 m | |
| maks. breedte | 15 km (yn Assam en Bangladesj) | |
| djiptegemiddelde | 38 m | |
| maks. djipte | 120 m | |
| ôfwetteringsgeb. | 651.334 km² | |
| ôffier (mûning) | 25.000 m³/s (gemiddeld) | |
| kaart | ||
| Kaart fan it streamgebiet (pears) | ||
De Brahmaputra is ien fan 'e grutste en meast ymposante rivieren fan Aazje. De rivier streamt troch trije lannen: Sina (Tibet), Yndia en Bangladesj. Mei't de rivier troch ferskillende kulturele en dreech tagonklike gebieten rint, krige de rivier ferskillende nammen foar ôfsûnderlike dielen. De boarne fan 'e rivier leit yn 'e Himalaya en lang om let mûnet de rivier út yn 'e Golf fan Bingalen. Mei syn ûnbidige wetterôffier en syn betsjutting foar de lânbou en religy, is it in tige wichtige rivier foar miljoenen minsken.
Rin fan 'e rivier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rivier fynt syn boarne yn 'e gletsjers op 'e hichten fan 'e Himalaya yn Tibet, dêr't er bekend stiet ûnder de namme Yarlung Tsangpo. De bopperin fan 'e Yarlung Tsangpo leit trochstrings 4000 m heech en wurdt as de heechste rivier fan 'e wrâld beskôge. Dêrnei snijt de stream him in wei troch djippe kleauwen en makket er in grutte bocht om it berchtme hinne rjochting de Yndiaaske dielsteat Assam.
Ienris yn 'e flakte fan Assam wurdt de Brahmaputra tige breed, op guon plakken wol kilometers. Uteinlik streamt de rivier Bangladesj yn, dêr’t er de namme Jamuna kriget (net te betiizjen mei de Yamuna). Dêr rint er lang om let gear mei de Ganges, dy't yn Bangladesj de Padma hjit. Nei de folgjende gearfoeging mei de Meghna feroaret de namme fan 'e haadstream yn Meghna. Tegearre foarmje dizze rivieren de grutste rivierdelta fan 'e wrâld, fan mear as 100.000 km², mei tûzenen fertakkings en kanalen, foardat se útmûnje yn de Golf fan Bingalen. Dy delta beslacht in grut part fan Bangladesj en West-Bingalen.
Oerstreamings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Brahmaputra is dreech te betwingen. Troch de moessonrein en it slib dat de rivier meinimt, feroaret it bêd fan 'e rivier jimmeroan. Yn Bangladesj is de rivier tusken 1830 en 1992 hast twa kear sa breed wurden. De oerstreamings soargje alle jierren foar in kombinaasje fan fruchtbere grûn en grutte ekonomyske skea.
Miljeu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Brahmaputra stiet ûnder druk troch dammen en miljeuferoarings. Yn Tibet hat Sina al dammen boud en Yndia wol der noch folle mear oanlizze. Dêrtroch is Bangladesj benaud foar wettertekoarten yn drûge tiden. Ek wurdt wichtich slib tsjinholden, wylst dat nedich is om de delta op hichte te hâlden.

De natuer hat ek lêst fan 'e dammen. De Gangesdolfyn ferliest syn frije trochgong en fiskmigraasje wurdt blokkearre, wat skealik is foar sawol it ekosysteem as de fiskerij.
Tagelyk makket it bouwen fan dammen yn 'e Himalaya it gebiet nuodlik, om't dêr ierdskoddingen foarkomme. In brek yn in daam kin grutte oerstreamings feroarsaakje.
Klimaatferoaring fergruttet de problemen: gletsjers rane, wat earst mear wetter jout, mar letter krekt minder. Dêrnjonken nimt fersmoarging ta, benammen yn Assam en Bangladesj.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brahmaputra fan Wikimedia Commons. |