Springe nei ynhâld

Brahmaanske glee

Ut Wikipedy
Brahmaanske glee
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaiseegleeën (Haliastur)
soarte
Haliastur indus
(Boddaert, 1731)
IUCN-status: net bedrige

De Brahmaanske glee (Haliastur indus) is in rôffûgel dy't foarkomt yn Súd-Aazje, Súdeast-Aazje en Austraalje út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).

Skaaimerken en libbenswize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brahmaanske gleeën dy't in fisk diele.

De Brahmaanske glee is mei syn lichemslingte fan 44 oant 52 sentimeter in relatyf lytse glee. De folwoeksen fûgel is kastanjebrún fan kleur mei in wite kop, boarst en hals. Yn 'e flecht falle de karakteristike swartpuntige slachpinnen op, dy't typysk binne foar gleeën út de skaaien Milvus en Haliastur en nei efteren bûge binne. De sturt is relatyf koart en rûn, oars as de lange, foarke sturt fan 'e Milvus-gleeën.

De jonge fûgel is oeral brún en licht streke op 'e kop, it boarst en de mantel. De sturt is kanielkleurich en op 'e útsprate wjuk is in ljochte plak te sjen by de basis fan 'e slachpinnen.

De fûgel wurdt fûn yn 'e buert fan wetter, sawol oan 'e kust as ek fierder it lân yn.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Brahmaanske glee wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

Status en bedriging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar nimt fral yn Súdeast-Aazje yn oantal ôf troch ferlies oan geskikt leefgebiet, ferfolging en in te heech gebrûk fan pestisiden. De ôfname ferrint lykwols stadich. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje waard yn 2009 op 100.000 fûgels rûsd.

De namme ferwiist nei de brahmanen, de heechste pryster- en geleardekaste binnen it hindoeïsme. De wite kop en it boarst fan 'e fûgel waarden assosjearre mei de wite klean dy't brahmanen tradisjoneel drage.

Ofbylden Brahmaanske glee
Kop Folwoeksen fûgel mei iepen wjukken. Jonge fûgel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: