Bragatikatedraal
| Bragatikatedraal | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Kutaisi | |
| koördinaten | 42°16' N 42°42' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| patroanhillige | Marije | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 11e iuw | |
| Kaart | ||
De Bagratikatedraal (Georgysk: ბაგრატი; ბაგრატის ტაძარი), of de Tsjerke fan 'e Untsliepenis fan 'e heechhillige Mem Gods (Georgysk: ყოვლადწმინდა ღვთისმშობლის მიძინების ტაძარი) is in georgysk-otterdokse katedraal út de 11e iuw yn Kutaisi yn Georgje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal stiet op 'e Ukimerioni-heuvel boppe de rivier de Rioni. By opgravingen nei oanlieding fan 'e rekonstruksje yn 2003 waarden ûnder de tsjerke resten fan prehistoaryske bouwurken fûn, lykas fûneminten fan ferskillende hast like grutte foargongers. In basilika út de 6e iuw waard nei alle gedachten troch de Perzen ferneatige en waard yn 'e 7e-8e iuw wat grutter werboud.
De hjoeddeiske tsjerke waard oan it begjin fan 'e 11e iuw ûnder kening Bragat III (bewâld fan 978-1014) boud. Oan 'e noardlike muorre is in ynskrift dy't oer de foltôging fan 'e tsjerke yn 1003 ferhellet. De tsjerke waard yn 1692 troch de Osmanen by de oanfal op it keninkryk Imereti ferneatige en opblaasd, werby't de koepel en ferwulften ynstoarten.
De slim skansearre tsjerke waard net wer opboud. Yn 1952 sette in restauraasje fan 'e ruïne útein.
- De ruïne yn 1880.
- De ruïne nei de restauraasje fan 'e jierren 1950
- It begjin fan 'e rekonstruksje yn 2010.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke mei trije apsissen en in grutte sintrale koepel oriïntearret him op de yn 973 ûnder David III Magistros foltôge kleastertsjerke fan Öşk Vank. De trije healrûne apsissen geane efter in rjochte eastlike muorre skûl. Trijhoekige nissen oan 'e bûtenkant wize de lokaasje fan 'e apsissen oan. De troch fjouwer pylders ûnderstipe tamboer ferheget de koepel.
Wrâlderfgoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994 waard de katedraal mei it Gelatikleaster op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO set. Yn 2001 waard de tsjerke oerdroegen oan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke. Oars as it oanrikkemandaasje fan ICOMOS waard de tsjerke yn syn oarspronklike foarm rekonstruearre en yn 2012 foltôge. Wylst de rekonstruksje al oan 'e gong wie, sette UNESCO de katedraal dêrnei op 'e List fan Wrâlderfgoed yn Gefaar. Yn 2017 ferwidere UNESCO de tsjerke fan 'e wrâlderfgoedlist, sadat allinnich it Gelatikleaster oerbleau.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
