Brûnswjukjakana
| brûnswjukjakana | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Metopidius indicus | ||||||||||||
| Latham, 1790 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De brûnswjukjakana (Metopidius indicus) is in fûgel út de famylje fan 'e jakanafûgels (Jacanidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 28 oant 31 sm lange fûgel hat in lang hals, lange spite wjukken en lange poaten mei tige lange teannen mei neils, dy't der foar soargje dat syn gewicht by it rinnen oer wetterplanten ferdield wurdt. De snaffel is giel en de fearren binne donker, yn it ljocht grien en blau glânzgjend, mei brûnsgriene wjukken. Folwoeksen fûgels hawwe in wite wynbraustreek. De jonge fûgel is ljochter mei brune boppekanten, in wite ûnderkant en in brúnoranje tint op it boarst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Aazje fan Yndia oant Fjetnam en Sumatra en Java. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte komt foar yn wiete gebieten mei in soad driuwende begroeiïng. Hy wurdt ek yn rysfjilden en fochtige greide mei tichte fegetaasje waarnommen. Oer it algemien komt de fûgel foar yn lytsere wiete gebieten as de wetterfazant, dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei dielt. De soarte yt ynsekten, slakken en oare wringeleaze dierkes fan it wetteroerflak of de wetterplanten en út en troch ek wol plantaardich materiaal.
De brûnswjukjakana briedt yn 'e moessontiid; yn juny op Java en tusken ein july en begjin septimber yn súdlik Yndia. It is in polyandryske fûgel mei in wyfke dat briedt mei ien oant fiif mantsjes. It nêst sit yn tichtere fegetaasje as by oare jakanasoarten. It wyfke leit trije oant fjouwer aaien, dy't it mantsje yn 26-29 dagen útbriedt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet en de populaasje binne relatyf grut en yn 2023 waard de populaasje op 33.300 oant 66.700 folwoeksen fûgels rûsd. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Brûnswjukjakana
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
