Springe nei ynhâld

Brûnswjukdo

Ut Wikipedy
Brûnswjukdo

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiblaukopkwarteldowen (Starnoenas)
soarte
Phaps chalcoptera
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     ferspriedingsgebiet

De brûnswjukdo (Phaps chalcoptera) is in middelgrutte, swierboude do en endemysk yn Austraalje. It is ien fan 'e meast foarkommende dowesoarten fan it lân. De brûnswjukdo kin hast yn eltse habitat libje, útsein mooglik tige ûnfruchtbere gebieten en reinwâlden.

Hôfmeitsjend mantsje en wyfke.

Mantsjes fan 'e soarte ha bleekgiele oant gielwite foarhollen en rôze boarsten. Mantsjes en wyfkes hawwe in maklik te ûnderskieden wite streek fan 'e basis fan 'e snaffel oant ûnder de eagen troch, dy't efter it each nei ûnder bûget en langer trochrint. Gewoane brûnswjukdowen ha reade, blauwe en griene plakken op 'e wjukken, in skaaimerk dat karakteristyk is foar alle soarten yn it skaai. Jonge fûgels binne meastentiids doffer fan kleur en bruner as de folwoeksen fûgels fan 'e soarte.

Brûnswjukdowen wurde selden fier fan wetter fûn, se libje allinnich, yn pearkes of yn kloften en binne meastentiids wach, sadat it foar minsken of bisten dreech is om se benei te kommen. Gewoane brûnswjukdowen binne trochstrings tusken 30 en 36 sintimeter lang.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e brûnswjukdo bestiet benammen út sied en alle soarten grienten. Hy siket yn lytse groepkes nei iten, itjinge somtiden wol dagen duorret. Wylst er siket nei iten sil er faak drinke moatte.

De nêsten binne rûch boud fan wat tûkjes leech yn in beam of strûk. De aaien wurde troch beide âlden útbret en komme nei sawat 14 oant 16 dagen út. Beide âlden diele de ferantwurdlikens foar de soarch foar de jongen.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is stabyl. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: