Springe nei ynhâld

Brúnwjukiisfûgel

Ut Wikipedy
Brúnwjukiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai eibertiisfûgels (Pelargopsis)
soarte
Pelargopsis amauroptera
Pearson, 1841
IUCN-status: gefoelich

De brúnwjukiisfûgel (Pelargopsis amauroptera) is in fûgelsoarte yn it skaai eibertiisfûgels (Pelargopsis) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Brúnwjukiisfûgel yn Krabi (Tailân).

Folwoeksen fûgels wurde 35 sm lang. Se ha in oranje kop, hals, kiel, boarst en búk. De boppedielen, de wjukken en de sturt binne brûn mei in opfallende turkoaiske stút. Der binne yn it fearrekleed gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.

Karakteristyk foar de soarte is de eibertseftige snaffel; dy by de brúnwjukiisfûgel read en nei de punt ta swart is. De iris is donkerbrún, de poaten binne readeftich.

De soarte komt oan de kustgebieten fan Westbengalen, Bangladesj, Birma, Maleizje en Tailân foar yn mangrovebosk en beboske mûningen fan rivieren.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dûkende fûgel.

De fûgels ite krabben en fiskjes. De krabben wurde út de drids groeven of by eb fongen. Fiskjes wurde fongen troch te dûken. Gruttere proaien wurde yn 'e regel op in tûke deaslein om se goed yn 'e snaffel te posisjonearjen. It nêst wurdt groeven yn in ierden wâl en bestiet út in 30 oant 60 sm lange tunnel mei in keamer fan 20 sm trochsnit oan it ein. Dêr wurde trije oant fjouwer aaikes lein.

De ûntwikkeling fan 'e soarte ferskilt yn it ferspriedingsgebiet. It is bekend dat yn guon gebieten de fûgel troch biotoopferlies is ferdwûn. Yn 2007 libbe hast de helte fan 'e wrâldpopulaasje yn Birma, dêr't tusken 2007 en 2016 it mangrovegebiet mei hast 40% ôfnaam.

De grutte fan 'e populaasje wurdt op 25.000-35.000 folwoeksen fûgels rûsd (2022). De IUCN klassifisearre de soarte op 'e Reade list as gefoelich (2022).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: