Brúnstútgoars
| brúnstútgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza affinis | ||||||||||||
| Heuglin, 1867 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De brúnstútgoars (Emberiza affinis) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnstútgoars is in lytse (13–15 cm) goarsfûgel mei in frij tinne snaffel, in soad wyt yn it antlit en in folslein giele ûnderkant. De soarte ûnderskiedt him fan alle oare Afrikaanske goarsfûgels troch syn egaal brune rêch en it ûntbrekken fan wite wjukbannen. De koptekening liket it meast op dy fan 'e Somalyske goars (Emberiza poliopleura), mei bredere wite streken as by de gielbúkgoars (Emberiza flaviventris).
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnstútgoars wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:
- Emberiza affinis nigeriae – komt foar yn Gambia, Nigearia en noardlik Kameroen
- Emberiza affinis vulpecula – komt foar yn Kameroen, súdlik Tsjaad en it oangrinzgjende noarden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Emberiza affinis affinis – komt foar yn Súd-Sûdan, noardeastlik Kongo-Kinshasa, noardlik Oeganda en noardwestlik Kenia; de populaasje yn súdeastlik Sûdan en noardwestlik Etioopje heart wierskynlik ek ta dizze ûndersoarte
- Emberiza affinis omoensis – komt foar yn súdlik Etioopje
Skaaiyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnstútgoars wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza tsjintwurdich opdield yn ferskate lytsere skaaien. Dizze soarte en de oare Afrikaanske goarsfûgels wurde dêrby yn it skaai Fringillaria yndield.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnstútgoars komt foar yn drûge en healdrûge savannes, mar ek oan 'e rânen fan bosken by rivieren en lokaal yn 'e omkriten fan doarpen. It iten fan eksimplaren út 'e Demokratyske Republyk Kongo bestie út ynsekten, wêrûnder termiten, mar fûgels yn finzenskip ite ek sied. Oer de briedbiology is mar in bytsje bekend. Der wurdt fan útgien dat de soarte foar it meastepart in stânfûgel is.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar nei alle gedachten nimt it oantal ôf. De ôfname is lykwols net sterk genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming|IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as net seldsum oant seldsum.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
