Brúnrêchflaggesturtiisfûgel
| Brúnrêchflaggesturtiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tanysiptera danae | ||||||||||||
| Sharpe, 1880 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Brúnrêchflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera danae) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat it skaai net yn ûndersoarten ferdield wurdt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel hat in reade snaffel. De kop, nekke en rêch binne oliifbrún. De wjukken binne by it skouder blau en fierder oliifbrún oant swart. It boarst, de búk en de stút binne oranje. De lange sturtfearren binne donkerblau mei wite punten.
De soarte wurdt ynklusyf de lange sturtfearren 28 oant 30 sm lang. Dêrmei is it ien fan 'e lytsere soarten fan it skaai. Se weagje tusken 37 en 50 gram.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn súdeastlik Nij-Guineä en libbet meast yn bosken op in hichte fan 300 oant 1000 m. Yn ferspriedingsgebiet fan 'e brúnrêchflaggesturtiisfûgel komt ek de gewoane flaggesturtiisfûgel foar. Yn 'e omkriten fan Popondetta komme beide soarten ek foar op in hichte fan 150 m. Dêr is de brúnrêchflaggesturtiisfûgel sels faker te sjen as de gewoane flaggesturtiisfûgel.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel yt ynsekten, dy't er fan 'e boaiem fangt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de oantallen troch biotoopferies licht tebek rinne. De soarte hat de status net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN (2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
