Brúnkopmiuw
| brúnkopmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chroicocephalus brunnicephalus | ||||||||||||
| Jerdon, 1840 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De brúnkopmiuw (Chroicocephalus brunnicephalus) is in Aziatyske fûgel dy't briedt yn bercheftige gebieten. De fûgel heart ta de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnkopmiuw liket in soad op 'e kob (C. ridibundus), mar is wat grutter (41–45 sintimeter), hat in bredere snaffel en rûnere wjukken. Folwoeksen fûgels hawwe in brede swarte râne op 'e wjukpunten en in wyt plak op 'e bûtenste slachpinnen. De ûnderkant fan 'e wjuk is donkerder as dy fan 'e kob. De iris is giel, wylst dy by de kob brún is. Yn briedkleed is de kap ljochter brún.
Fersprieding en taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brúnkopmiuw briedt yn bercheftige kriten fan Súd- en Sintraal-Aazje, fan Turkestan yn it westen oant súdwestlik Gansu (Sina) yn it easten, en yn it suden yn 'e Pamir en Tibet. Winterdeis oerwinteret de brúnkopmiuw oan 'e kusten fan Yndia, noardlik Sry Lanka en Súdeast-Aazje, en yn lytse oantallen westlik fan Yndia oant op it Arabysk Skiereilân.
In hiel skoft waard it grutste part fan 'e kobben en miuwen yn it skaai Larus pleatst. Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de soarten yn Larus net allegear nau besibbe binne. Pons et al. (2005) ha dêrom útsteld om Larus op te dielen yn in tal lytsere skaaien, wêrby't de brúnkopmiuw yn Chroicocephalus set waard. In soad autoriteiten ha dat útstel opfolge.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De brúnkopmiuw briedt by grutte marren of yn omlizzende sompen op grutte hichten. Winterdeis wurdt de fûgel oantroffen yn kustkriten en by rivieren. It brieden begjint yn maaie, ek as de marren noch beferzen binne. De fûgels briede yn koloanjes fan fyftich oant mear as tûzen eksimplaren, faak tichteby wytstirnzen. Se lizze ien oant fjouwer aaien, mar meastentiids trije. Hoe lang de briedtiid krekt is, is ûnbekend. Winterdeis libbet de brúnkopmiuw fan fisk en garnalen; yn 'e briedtiid is it dieet fariearre en bestiet it ûnder oare út kjifdieren en wjirms.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op grûn fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kob
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
